Pyeongchang en de mienskip

febrewaris 19, 2018 10:59

Kollum fan Aant Mulder

Febrewaris is de moanne fan de Olympyske Winterspullen. De wedstriden yn Pyeongchang yn Súd-Korea binne freed 2 febrewaris begûn en duorje oan snein 25 febrewaris ta. Dêr wol it lykwols net oer ha. Dat kinne oaren folle better. Ik fyn dy namme Pyeongchang nijsgjirrich. Ik soe net witte, hoe’t men dy útsprekke moat. Aldergelokst ha we radio en telefyzje en dêr hearre we dy namme no om it hoartsje. Ik freegje my hieltyd ôf oft al dy minsken op radio en telefyzje dy wol goed útsprekke. Op grûn fan de skriuwwize fan it wurd, rêdt men it net, dat is wol dúdlik! Ik tink sels dat de fonetyske skriuwwize likegoed noch foar gâns tûkelteammen soargje kin. Wa’t it goed útsprekke wol, moat yn alle earnst nei Súd-Koreanen of nei minsken dy’t dy taal behearskje, harke ha. Soe dat sa wêze? Ik tink dat de iene it fan de oare oernommen hat en dat se allegearre tinke dat se it kreas dogge. En faaks is dat ek wol sa. Ik soe fan Súd-Koreanen lykwols wol hearre wolle hoe’t sy dêroer tinke en oft wat wy sizze in bytsje liket op hoe’t it sein wurde moat.

In taal goed prate, dat falt ôf. Dêr wit ik alles fan. Ik nim it dêrom ek nimmen kwea-ôf as it allegearre net likegoed útsprutsen wurdt. Doe’t ik yn it fuortset ûnderwiis teset moast oer Ingelsk, Dútsk en Frânsk waard rillegau dúdlik dat men net samar in frjemde taal goed skriuwe en prate kin. Ik sil net gau de Ingelske lessen dy’t hast mar oer ien wurdsje giene, ferjitte. It wurdsje ‘the’! Wat hat de learaar Ingelsk ús dêr doedestiden mei pleage. De tonge moast alle kanten út en hy die it foar. Hy hie der wol aardicheid oan, wol ´k leauwe. Hy hie noch sa’n wurdsje. It wurdsje ‘love’, dat wie him ek net gau nei ’t sin. Likegoed wie dat wat makliker. Dat kaam grif om’t it net in bylûd mar in lûd wie en om’t datselde lûd ek yn it Dútsk foarkaam. Fansels it gie de man om de goede útspraak, mar hy hie ek wol nocht oan ûnnocht mei sa’n groep pubers foar him. Tagelyk hold er ús sa goed by de les.

Ik bin it mei de saakkundigen iens dat it werkennen fan klanken en de linigens om dy út te sprekken by it âlder wurden stadichoan minder wurdt. De puberteit is sawat it kantelpunt. Talen moatte dus eins earder oanleard en goed brûkt wurde. Dat is no krekt wat trijtalige skoallen dogge! Moai. Wa’t letter talen leare wol, hat der gâns mear wurk fan. Oan ´e oare kant, besibbe talen ha ferskate oerienkomsten en dy moatte goed brûkt wurde. Dat kin nimmen allinne oprêde. Dêr moatte metoaden en leararen oan te pas komme as men net yn it taalgebiet sels wennet en dus net alle dagen it goed brûken fan dy taal hearre kin. Ik neam in pear foarbylden. De Fryske ‘ú’ kin koart of lang wêze. Tink mar oan ‘tút’en ‘drúf’. Datselde jildt foar de Fryske ‘í’ yn iepen wurdlidden. Tink mar oan ‘kniper’en ‘pipen’. Dat is oan de stavering net te sjen. Dat moatte jo fonetysk lêze kinne of it oars minsken sizzen hearre. Oars wurdt it neat. Likegoed binne it lûden dy’t ek nei de puberteit gjin swierrichheden hoege te jaan om’t se bygelyks ek gewoan yn de oare talen om ús hinne foarkomme. Helte lestiger wurdt it as it om lûden en bylûden giet, dy’t yn de ferskillende talen op deselde wize skreaun, mar oars útsprutsen wurde. Wat it Frysk oanbelanget ha we bygelyks twaluden as ‘ie’, ‘oe’ en it býlûd ‘g’.

Ik neam wer in pear foarbylden, dêr’t ik net omhinne kin en wol. Ik bedoel fansels ‘iepen mienskip’. Twa wurdsjes, beide mei in twalûd, de ‘ie’ dus. De Hollanner sjocht dat fansels as in koart ienlûd. Tink mar oan: niet , riet, wiel en sa fierder. Likegoed hat it Hollânsk dy ‘ie’ ek as twalûd, mar dat witte se sels faak net. Tink mar oan: bier, hier, kier en sa fierder. Dat betsjut tagelyk dat sokke twalûden yn Fryske wurdsjes foar Hollanners net sa ferskuorrende lestich hoege te wêzen. Mar dy Hollanner moat dat wol fonetysk lêze kinne en oars moat it him efkes ferteld wurde. Sa fan: tink by ‘iepen’ oan de ‘ie’ fan ‘bier’. En tink by ‘mien’ fan ‘mienskip’ bygelyks efkes oan de ‘íe’ yn ‘mier’. Dat slagget grif. Oer ‘iepen mienskip’ hoege we it dus fierder net te hawwen. It wurdt helte lestiger as it om lûden en bylûden giet dy’t net yn it Hollânsk foarkomme. Wy kinne it dan hawwe oer wurdsjes mei brekking en sa. Tink oan in wurd as ‘moai’. De ‘oai’ yn de ferbûgingen ‘moaie, moaier, moaist’ klinkt yn guon kriten as de ‘oi’ yn it Frânske ‘bois’. Soks freget dus om foarbylden yn oare talen en om wat mear stúdzje.

Dat it wol kin, bewize al dy minsken út Hollân wei, dy’t har te uzes nei wenjen sette en dy’t it Frysk goed ferstean en fan en ta ek wol goed prate kinne wolle. Dêr hat de Afûk in moaie metoade foar: LearmarFrysk. Yn de earste les yn dat boek giet it krekt oer wat ik hjir skriuw. Dêr wurde wurden neamd en de kursisten moatte yn in leske mei mearkarfragen sizze hoe’t de lûden en bylûden útsprutsen wurde moatte. In pear foarbylden:

De ‘g’ van ‘grut’ klinkt als a) goed, b) het Engelse good.
De ‘ie’ van ‘iens’ klinkt als a) fiets, b) bier.
De ‘oe’ van ‘stjoer’ klink als a) koek, b) boer.

Ik wol mar sizze, ik wol in professor (sjoch de LC fan 5 febrewaris ‘Uitspraak Fries is lastiger dan u denkt’) net tsjinsprekke, mar in bytsje optimistysker hie it allegearre wol kinnen. Wat earder men talen leart, wat better. Wa’t letter talen leart, moat benammen gebrûk meitsje fan de talen dy’t er ken. Eliza Doolittle yn My Fair Lady soe skoften oefene ha om ‘The rain in Spain stays mainly yn the plain’ goed út te sprekken, sa’t de professor skriuwt. Ik leau dêr lykwols neat fan om’t myn kursisten fan LearmarFrysk dat samar foarinoar hawwe.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 17 febrewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

febrewaris 19, 2018 10:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.