Programma Ynternasjonaal Filmfestival Assen folslein

febrewaris 17, 2018 10:11

It Internationaal Filmfestival Assen (IFA) presintearre freed 16 febrewaris syn programma. “It is in moai programma wurden mei in grut ferskaat oan films”, fertelt programmeur Jennifer O’Connell. “Ien ding hawwe se allegear mien: froulju foar en efter de kamera steane sintraal. Eat dat dit jier mei de hiele #metoo-diskusje wichtiger is as ea.”

Sêne út ‘Lady Bird’

IFA trapet op sneon 10 maart ôf mei de iepeningsfilm Lady Bird yn kombinaasje mei in optreden fan Aafke Romeijn. Dy film is nominearre foar fiif Oscars, wêrûnder dy foar Bêste Film, Bêste Aktrise en Bêste Froulike Byrol. “It wurdt in prachtich wykein mei njonken in protte moaie films ek in moai râneprogramma mei muzyk, film, keunst, debat en ynteraktive ynstalllaasjes. En by IFA lit oanstoarmjend talint yn de programma’s KersVers en Noordsterren syn wurk sjen”, fertelt O’Connell. “Ik bin bliid dat wy dit jier in protte goede titels fêstlizze kinnen ha dy’t of al in protte prizen wûn ha of dat noch dwaan sille. Dêrnjonken hawwe wy in protte foarpremjêres en in tal ynternasjonale titels dy’t fierder net yn Nederlân te sjen binne.”

Hichtepunten
Hichtepunten yn it programma binne neffens O’Connell de films Dorst fan Saskia Diesing, The Rider fan Chloé Zhao, Tehran Taboo fan Ali Soozandeh en I, Tonya fan Craig Gillespie. “Dorst ferskynt pas op 15 maart, in swartkomyske Nederlânske film mei Simone Kleinsma yn ien fan de haadrollen. The Rider is in prachtige kombinaasje fan fiksje en non-fiksje oer in rodeocowboy dy’t nei in ûngelok net mear hynsteride kin. Tehran Taboo is ûnderdiel fan ús gearwurking mei Movies that Matter, in yndrukwekkende animaasje oer de beheinings dy’t de Iraanske maatskippij froulju opleit. I, Tonya is it wierbarde ferhaal fan keunstrydster Tonya Harding om in sensasjoneel sportskandaal hinne. It eigentlike ferhaal is yn de film bizar goed neispile. In echte oanrieder.”

Ferrassingspakket
Nij by de 38e edysje fan it Internationaal Filmfestival Assen op 10 en 11 maart is it ferrassingspakket, ien op sneon en ien op snein. O’Connell: “It programma is wiidweidich en dat is foar besikers lestich kiezen. Foar elkenien dy’t net beslisse kin of ferrast wurde wol troch prachtige films, yntrodusearje wy dit jier it ferrassingspakket.” It pakket bestiet út twa films en wat te drinken en kostet € 17,50.

febrewaris 17, 2018 10:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.