Portret Saskia Uylenburgh makke troch Govert Flinck

febrewaris 12, 2018 06:43

foto: Fries Museum

In portret fan Saskia Uylenburgh yn it Frysk Museum blykt skildere te wêzen troch Govert Flinck. Koartlyn waard it doek troch kenners ferlike mei oare wurken fan Govert Flinck yn it Rembrandthuis yn Amsterdam. Saskia Uylenburgh is berne yn Fryslân en troude mei Rembrandt van Rijn. Lang waard oannommen dat dy it portret makke hie, mar sûnt 1968 is al dúdlik dat it gjin Rembrandt is. No, fyftich jier letter, stiet fêst dat Rembrandts masterlearling Govert Flinck de skilder is. It skilderij sil fan 24 november te sjen wêze yn de útstalling Rembrandt en Saskia: Trouwen in de Gouden Eeuw yn it Frysk Museum yn Ljouwert.

Govert Flinck hat it eerste part fan syn oplieding ta skilder folge by Lambert Jacobsz. yn Ljouwert. As ynwenners fan it lytse Ljouwert koene Govert Flinck en Saskia inoar. Beide ferhuzen yn 1634 nei Amsterdam. Flinck om by Rembrandt van Rijn yn ’e lear te gean, Saskia as frou fan Rembrandt.

Saskia
Saskia Uylenburgh is dé leafde fan Rembrandts libben. Se komt mei de skilder yn ’e kunde yn Amsterdam, mar trout mei him yn Sint-Anne út it deftige hûs wei fan har suster Hiskia en sweager Gerrit van Loo, gemeentesekretaris fan It Bilt. Amper tsien jier duorret harren leafde. Yn dy jierren bringe se trije kear in lytse poppe nei it hôf; allinnich it fjirde bern, Titus, bliuwt yn libben, mar syn mem sjocht him net opgroeien. Noch krekt gjin tritich jier âld ferstjert Saskia nei in siikbêd, yn Amsterdam.

Rembrandtjier
It skilderij fan Flinck is fan 13 febrewaris ôf wer te besjen yn Ferhaal fan Fryslân yn it Frysk Museum en letter yn it jier yn Rembrandt en Saskia: Trouwen in de Gouden Eeuw. Dy útstalling rint fan 24 novimber 2018 ôf en foarmet it startskot fan it Rembrandtjier 2019. As ferneamdste Frysk breidspear ea foarmje Rembrandt en Saskia de reade tried yn dy útstalling. Alle aspekten fan de trits ‘Verliefd, Verloofd en Voorgoed Verbonden’ yn de santjinde-iuwske aadlike en patrisyske rûnten komme oan bod mei kostber guod, skilderijen, printen en tekeningen.

Rembrandts masterlearlingen
It Museum Het Rembrandthuis lit de eerste mânske oersichtsútstalling ea sjen oer de skilders Ferdinand Bol (1616-1680) en Govert Flinck (1615-1660). Yn dat museum leit de klam op de leartiid by Rembrandt en is te sjen hoe’t de skilders útgroeid binne ta selsstannige masters. De útstalling Ferdinand Bol en Govert Flinck, Rembrandts meesterleerlingen is noch oant en mei snein 18 febrewaris 2018 te sjen.

febrewaris 12, 2018 06:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.