Oostfreesk

febrewaris 12, 2018 16:26

Kollum fan Aant Mulder

Wy ha okkerwyks nei Emden ta west. Dat kaam om’t we krekt wat earder yn it Drents Museum yn Assen de tentoanstelling ‘The American Dream’ sjoen hiene. Wy wisten wol dat we yn Assen allinne mar it earste part fan in dûbeltentoanstelling oer dat ûnderwerp besjen koene, de perioade fan 1945 oant 1965 ta. Foar de perioade fan 1965 ôf oant no ta soene we nei de Kunsthalle yn Emden ta moatte. Wy namen ús daliks foar beide parten fan dy dûbeltentoanstelling te besjen. Doe’t we seagen dat der ek noch aparte deitochten nei dat museum yn Emden ta organisearre waarden, wiene we hielendal út ’e ried. Wy ha sa in goed en folslein byld krige fan it Amerikaanske realisme fan 1945 ôf. Tagelyk fyn ik it wol in bytsje spitich dat we neat fan oare streamingen yn dyselde tiden sjoen of heard ha. Dy streamingen binne der en dat moat net fergetten wurde.

Hawar dêr wol ik it eins net oer ha. It giet my diskear om Emden en om de dielsteat Niedersaksen. Emden en omkriten ha yn de midsiuwen fansels by de Sân Fryske Seelannen heard. Sa komme we oan de sân pompeblêden. Emden, dat yn de achtste iuw ûntstie, waard yn de tolfde iuw de haadstêd fan Emsigerlân. Dêr wie ek de Upstalbeam, tichteby Auerk (Oostfreesk), Auwerk (Frysk) of Aurich (Dútsk). De foaroanmannen fan dy Sân Fryske Seelannen holden dêr op de tiisdei nei Pinkster har gearkomsten. Dat is foarby. East-Fryslân is net mear Frysk, útsein Sealterlân fansels. Dat is lykwols in gebiet dat folle súdliker leit. It wie altyd in sânich eilân yn it sompige fean mei doarpen as Strukelje, Roosele, Seedelsbierich en Schäddel. Dêr binne no noch sa’n twatûzen minsken dy’t Sealterfrysk prate. It is dat we der lâns rieden en dêr yn Deteren wat ieten, oars hie ’k dat gebiet no faaks net iens neamd.

It museum yn Emden. Foto © Aant Mulder

Nei de midsiuwen, as bestjoerlik Fryslân oan ’e iene kant en Grinslân en East-Fryslân oan ’e oare kant útinoar reitsje, komt it Frysk stadichoan mear yn ’e knipe. Dat wie tagelyk de tiid dat party minsken om har leauwe út ús lân wei in taflecht sochten oare kant de Iems. Dêr wie romte foar oars leauwenden. De Grutte Tsjerke yn Emden wurdt noch wol ‘Moederkerk’ neamd. It seit himsels dat der yn dy tiid in protte Hollânsk heard waard. Tusken 1806 en 1813, yn de Frânske tiid, hearde East-Fryslân sels as in part fan it ‘Departemint fan de Iems’ mei Ljouwert as haadstêd by it keninkryk Hollân en sa dus ek by Frankryk. Der waard oant yn de 17e en 18e iuw noch Frysk praat. Yn dy tiid waard it lykwols stadichoan folslein ferkrongen troch it Nedersaksyske dialekt fan dy kontreien. Dat Saksysk dialekt hat noch altyd in protte oerienkomsten mei it Hollânsk, mei it Frysk en fansels mei it Grinslânsk. Dat makke daliks dat dat Saksysk dialekt oars is as oare Saksyske dialekten en ornaris ek oars neamd wurdt. Se ha it dêr sels oer Ostfriesisch, mar it is fansels Eastfrysk Platdútsk. Dat Ostfriesisch Plat wurdt hieltyd minder brûkt. It wurdt hieltyd mear bedrige en ferkrongen troch it Heechdútsk. De helte fan de jongerein ferstiet it, wylst ien op de fiif it noch aktyf brûkt. De takomst fan it Ostfriesich, dat Eastfrysk Platdútsk, sjocht der dus net goed út. Dat binne stik foar stik nijsgjirrige oerienkomsten mei it Frysk.

Underweis wurde we wiisd op guon plaknammen. Sa sjogge we it buordsje Veenhusen mei de Nederlânske namme ‘veen’ en it buordsje Warsingfehn mei dyselde namme ‘Fehn’, mar dan op syn Dútsk skreaun, wylst yn Wiesmoor de gewoane Dútske namme ‘Moor’ brûkt wurdt. It is ek aardich om te sjen dat de marren gjin ‘Seeën’ binne mar ‘Meeren’, krekt as yn Nederlân dus. Ik kin it net litte, as we de tentoanstelling besjoen ha, wol ik my efkes ferdjipje yn de streektaal fan East-Fryslân. De boekhannels lykje my derta gaadlik. Krekt as by ús ha de boekhannels yn Emden in hoekje mei boeken oer de eigen stêd en de eigen omkriten. It binne foar in grutste part bylkjende boeken, dy’t benammen foar toeristen bedoeld binne.

Sykjend en blêdzjend kom ik al gau Aurich en de Upstalbeam tsjin. Dêr binne se dus wol grutsk op. Moaie foto’s, nijsgjirrige ferhalen. Blêdzjend yn in boek falt it each op in tekst dy’t ik maklik lêze kin. Dan reitsje ik efkes op ’e doele. Wat lês ik eins? It wurdt Eastfrysk neamd. Ik tink oan Noardfrysk, mar dat binne fansels hiele oare kontreien. Soe mei Eastfrysk dan it Sealtersk bedoeld wurde? Ik wit it net. It wurdt tiid dat ik mar wat fragen stel oan it frommeske dat my sa aardich mei ‘moi(n)’, dat betsjut ‘goeie’, wolkom hjitten hat. Nee, it is gjin Noardfrysk, gjin Sealtersk mar Eastfrysk of Oostfreesk. En nee, dat is gjin Frysk, mar in Platdútsk dialekt. Yn dy streektaal dy’t aardich wat oerienkomsten mei it Grinslânsk hat, binne likegoed noch foarmen fan dat eardere Fryske Eastfrysk yn werom te finen. Ik kom listen mei wurdsjes tsjin dy’t dat dúdlik meitsje moatte. Der binne lykwols mar in pear boeken dêr’t ik wat fan dy Oostfreeske taal, dat hjoeddeiske Eastfrysk yn fyn. It wurdt dúdlik dat it in bedrige streektaal is, krekt wat ik al sei.

Ik begryp ûnderwilens dat de ferskillen yn talen as it Frysk, Grinslânsk, Saksysk en Platdútsk helte lytser wiene as dy fan no, tusken it Nederlânsk en it Heechdútsk. Gjin wûnder dat lapkepoepen en hantsjemieren te uzes maklik oanslach fûnen en oarsom. Dat is no wol oars! Is ’t net sa (Frysk), is ’t neet sa (Oostfreesk), is ’t nait sa (Grinzers), is ’t nich sa (Noardnederdútsk)?

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 10 febrewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
febrewaris 12, 2018 16:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.