Oerheden gean útdaging wenningmerk yn Súdwest-Fryslân oan

febrewaris 21, 2018 15:34

Yn de gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân kinne oant en mei 2026, 2500 wenningen boud wurde. De provinsje Fryslân makket dêr ôfspraken oer mei beide gemeenten. De trije partijen setten hjoed harren hantekeningen ûnder dy ôfspraken. De partijen binne der optein oer. Sy sette yn op it fuortsterkjen fan de wenregio súdwest Fryslân foar de lange termyn. Sy hawwe de útdagingen op de wenningmerk, lykas it feroarjende soarchlânskip en it ferduorsumjen fan de wenningfoarried heech op de aginda stean.

Boumooglikheden beskikber
De gemeenten yn de regio súdwest Fryslân krije bouromte foar sirka 2500 wenten, wêrfan 100 yn de Fryske Marren en 1500 yn Súdwest-Fryslân. It is fan belang dat fleksibel ynspile wurde kin op de fraach, benammen yn binnenstêdlike projekten. Dêrom krije de gemeenten binnenstêdlik planologyske ekstra bewegingsromte fan 500 wenningen. Dat moat in bydrage leverje oan kwalitatyf fuortsterkjen fan de kearnen, lykas troch it yngean op de fragen dy’t de soarch stelt.

Feroarjend soarchlânskip
De beide gemeenten wolle ynspylje op de opjefte fan it omfoarmjen fan fêstgoed foar de takomstbestindige soarch. Troch nije wenwinsken en wizige wet- en regeljouwing sille âlde kompleksen omfoarme wurde moatte. Se sille mei-inoar ferkenne hoe’t ynwenners dy’t no yn in beskerme wenfoarm wenje, yn de takomst selsstannich húsfeste wurde kinne.

Ferlet oan tydlik en fleksibel wenjen
Partijen sjogge dat it oantal minsken dy’t tydlike wenromte sykje of fleksibel wenje wolle tanimt. Dat binne minsken dy’t wachtsje op in folgjende keapwenning, starters of de wenningmerk en zzp’ers mei in tydlike baan. De gemeenten ûndersykje yn 2018 hoe’t se in fleksibel segmint kreëarje kinne, as oanfolling op it besteande oanbod fan hier- en keapwenten.

Klimaatakkoart fan Parys
It klimaatakkoart fan Parys freget om in foarse ynset op it besparjen fan enerzjy yn kombinaasje mei duorsume enerzjywinning. De gemeenten en de provinsje ûnderkenne der grutte opjefte yn de partikuliere wenningfoarried om de doelstellingen fan it Enerzjyakkoart te heljen. Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren sille hjir yn 2018 mei de lokale partijen mei oan ‘e slach.

Provinsje subsidiearet werbestimming fan gebouwen
Foar it omfoarmjen fan gebouwen nei wenbestimming en de sloop fan âlde wenten hat de provinsje de Werbestimmingsregeling iepene. De provinsje sil de besteande subsydzjeregeling foar Stêdlike Fernijjing evaluearje. De gemeenten sille mei op grûn dêrfan it petear mei de provinsje oangean oer it ferlet fan nije middels.

Gearwurking foar sterke wenregio súdwest Fryslân
Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren foarmje tegearre de wenningbouregio súdwest Fryslân. Mei de provinsje Fryslân meitsje se periodyk ôfspraken oer de programmearring. Utgongspunt is dat partijen stribje nei in sûne wenningmerk yn dy regio en yn Fryslân as gehiel. De nije ôfspraken rjochtsje har op de perioade oant en mei 2016. Yn de nije wenningbou-ôfspraken is foar it earst sterker ferbining socht mei de ûntjouwingen op it mêd fan wenjen, soarch en duorsumheid.

febrewaris 21, 2018 15:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.