Oanpak guozzen set útein

febrewaris 28, 2018 16:29

Op 1 maart 2018 begjinne Fryske wyldbehearsienheden om de boeren te helpen by it ferjeien fan guozzen. Dat moat derta liede dat guozzen minder skea aanrjochtsje oan it gewaaks. De teams binne aktyf oant 1 juny 2018.

Boeren binne der yn it foarste plak sels ferantwurdlik foar om guozzen fan it lân te jeien. Sy roppe de help yn fan harren fêste jagers. It komt wol ris foar dat dy net yn de gelegenheid is, of dat der yntinsiver jage wurde moat. Boeren kinne dan in guozzejeiteam ynskeakelje. Om sa effekryf mooglik te jeien, bart dat mei stypjend ôfskot. Dat mei fan in heal oere foar it opkommen fan de sinne oant 12.00 oere. Dêrnei is ferjeien wol tastien, mar sûnder stypjend ôfskot.

Deputearre Johannes Kramer: “Provinsjale Steaten diene de suggestje om as oanfolling op reguliere jagers ek mobile ferjeiteams yn te setten. Dat idee hawwe wy fierder staljûn. De ferjeiteams binne in moaie gearwurking tusken boeren en jagers. Allinne mei in mienskiplike ynspanning slagget it om de skea dy’t feroarsake wurdt troch guozzen te beheinen.”

Plakken om te iten
De guozzen wurde ferjage nei stikken lân dêr’t se yn alle rêst ite kinne. Guozzen meie dêr oant 1 april net ferjage wurde. Nei 1 april meie de guozzen oeral ferjage wurde, om skea te beheinen. It is de bedoeling dat de guozzen troch yntinsiver ferjeien mei help fan de ferjeiteams, earder wer fuortgeane nei de Arktyske briedgebieten.

Fryske Guozzeoanpak
It yntinsiver ferjeien fan guozzen past yn de Fryske Guozzeoanpak dy’t Provinsjale Steaten fêstlein hawwe. De basis fan de Fryske Guozzeoanpak bestiet út de balâns tusken it beskermjen fan guozzen en it bestriden fan skea oan boerelân. “De skea dy’t guozzen tabringe oan lânbougewaaks is yn de ôfrûne jierren fierder tanmmen. It tal guozzen giet omheech en se bliuwe hieltyd langer. Fanwegen de tanimmende skea, biede wy mear mooglikheden om dy skea te bestriden en foar te kommen,” sei deputearre Johannes Kramer.

febrewaris 28, 2018 16:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.