Nije aksjes fan Sis Tsiis

febrewaris 8, 2018 06:42

By de iepening fan Lân fan Taal njonken de Aldehou wie in lytse delegaasje fan Sis Tsiis oanwêzich om te protestearjen tsjin de ûntheffingen dy’t de Provinsje jout oan skoallen om bern de Fryske taal by te bringen.

Inisjatyfnimmer Piter Dykstra dêroer: “De Provinsje jout in protte jild út foar de Kulturele Haadstêd 2018, mar docht in hiel lyts bytsje as it derop oankomt om bern yn Fryslân it Frysk leare te litten.” De aksje krige in protte stipe fan de taskôgers, sels in oantal Hollânsktaligen koene harren deryn fine. It wie noflik en gesellich op it Aldehousterplein dêr’t in prachtige powerpointpresintaasje op de Aldehou jûn waard oer Lân fan Taal.

In oare dielnimmer, Martinus Jellema, ferklearre dat it syn earste demonstraasje yn syn libben wie: “Ik haw noch nea op strjitte rûn om earne tsjin te protestearjen. Dit is myn earste kear, bytsje senuweftich, mar it is tige gesellich, in protte oanspraak. Hie ik nea tocht. Oare kear bin ik der wer by.”

Piter Dykstra: “It wie no wat koart dei, mar Sis Tsiis sil yn it pinksterwykein in grutte demonstraasje hâlde, mei de Nord- en Ost-Friesen dy’t yn dat wykein yn Ljouwert oankomme. Dat dogge wy yn it kader fan Tuhuupe luupe. Fierders tinke wy, no’t de Slachtemaraton net trochgiet, dat Sis Tsiis dy maraton ek rinne kin fansels. De earste stap is al set. Fierder nijs oer de maraton komt ynkoarten.”

Tuhuupe luupe is in ambisjeus plan dat útgiet fan de seksje Noard fan de Fryske Rie: yn it ramt fan LF2018 wurdt fan 18 oant 20 maaie in fytstocht holden fan Bredstedt yn Noard-Fryslân, troch East-Fryslân hinne, nei Ljouwert ta.

febrewaris 8, 2018 06:42
Skriuw in reaksje

16 opmerkingen

  1. Abe febrewaris 8, 08:49

    Dizze minsken – Dykstra, Jellema, Huisman – hearre net by SisTsiis thús. Op de lêste gearkomste binne guon nei in lyts kertierke lilk opstapt om’t de eksplisyt anty-nasjonalistyske aginda fan SisTsiis har net befoel. It giet hjir om petretsjes fan Douwe Kalma meitôgjende Fryske nasjonalisten dy’t ûnder de dekmantel fan taalstriid har eigentlike doel hoopje te berikken, dat is in autonoom Fryslân as politike heidehutte foar syn saneamd twatûzen jier âlde ‘folk’. Foar minskerjochten binne se like dôf as in hûn foar Mozart.

  2. Rednas febrewaris 8, 11:12

    Foat Abe : Skamje dy djip om dy minsken dy safolle foar Fryslân dien hawe op dizze wize del te setten. Do bist it oanlit fan dyn heit ferjitten!!!

  3. Cor Jousma febrewaris 8, 11:44

    Bêste Abe, guon minsken sjogge moarns earst yn ‘e spegel ear’t se de dei begjinne. Rache, skelle en yndiele yn hokjes bringe it Frysk gjin stap fierder!

  4. Johannes febrewaris 8, 21:02

    Ik kin my wol yntinke dat Abe der rjocht foar de kop yngiet. De pommeranten fan Fryslân gean as kwaksalvers mei ‘t Frysk oerwei. Kritysk bliuwe falt net ta as it net slagje wol, wat jo foar eagen hawwe. Ik kin der noch in protte fan sizze, mar lit ik ferwize nei it stik yn ‘e Ljouwerter krante fan hjoed, 8 febrewaris 2018: “Onderwijs in Fries is mensenrecht”, side 19.

  5. Abe febrewaris 9, 19:19

    Jousma, ik leau net jo begripe wat skelle krekt is. Jimme fan de Fryske Nonbeweging moatte leau ik sels ris yn de spegel sjen en jim knopen telle. Samar klear. Dat binne der nammentlik net folle. En wa sil my fertelle dat ik neat sizze kin oer it oanbidden fan Kalma noch anno 2018? Of oer it mear as begrutlike autonomystribjen dat men ek noch altyd tsjinkomt. No ha der wer trije minsken mei in spandoek foar Frysk underwiis stien by Lan fan taal, folslein it ferkearde adres foar sokke aksjes. Mar ja, de dochgroep no. Alle aksjes foar Frysk underwiis dy t net de provinsje Fryslan as doelwyt hawwe, binne aksjes der t de provinsje o sa bliid mei is om t se foar har de druk fan de tsjettel helje. Alle aksjes foar Frysk underwiis dy t de grutte mearderheid yn de provinsje ofskrikke, bygelyks om t se in nasjonalistyske aginda sjen litte, helpe de saak fan it Frysk underwiis de underwal yn. Mei ekskuzes foar myn unfoldwaande behearsking fan it nije toetseboerd.

  6. Cor Jousma febrewaris 9, 20:46

    Bêste Abe, jo litte jo ynpakke troch ús alderaardichste deputearre. En dat wylst jo noch gjin jier lyn op It Nijs oaren der op wiisden dat sy har troch dyselde ynpakke lieten. In draai fan 180 graden.

    Boppedat haw ik noch alle respekt foar in soad frijwilligers fan de Ried fan de Fryske Beweging, mar der is al jierren gjin sprake fan JIMME mear.

    No kin ik my fersinne fansels, mar ik haw jo noch nea earder as frijwilliger foar de Fryske taal sjoen. En miskien hat soks wol in gelok west, as ik sjoch hoe’t jo om jo hinne ramaaie.

  7. Abe febrewaris 9, 21:24

    Op 14 febrewaris is der op it Provinsjehus in kommisjegearkomste oer it saneamde Taalplan Frysk. De provinsje sil útlizze hoe’t se, nei’t ferline jier sa’n trijekwart fan de skoallen yn Frl. in folsleine of in parsjele ûntheffing foar Frysk ûnderwiis krigen hawwe, de wei foarút sjocht. Dy’t it taalûnderwiis dierber is, dy is derby soe ’k sizze. En makket dúdlik dat alle parsjele ûntheffingen wer sa gau mooglik ynlutsen wurde moatte. Allinnich al om’t se der folslein ûndemokratysk kaam binne. It foech om behalve folsleine ek parsjele ûntheffingen foar leardoelen te ferlienen, krige de provinsje yn augustus 2014. De beliedsregel dy’t de kritearia fêstleit foar it ferlienen fan sokke ûntheffingen is troch Deputearre Steaten opsteld en publisearre op 26 juny 2015. It bestean fan in dêrút risseltearjend Taalplan waard krekt yn novimber 2016 dúdlik. De demonstraasje fan SisTsiis fan 22 desimber 2016 wie it gefolch. Net inkeld wie dat in protest tsjin it massive delheljen fan it Frysk ûnderwiis, ek haw ik mear as ien kear wiisd op de politike slûpmoard dy’t Deputearre Steaten bûten elk debat yn Provinsjale Steaten om fan doel wiene om op har gewisse te laden. Ferline jier die bliken dat sa’n 70 persint fan de skoallen ien of oare ûntheffing oanfrege en krigen hiene. De wetlike ferplichting ta it jaan fan Frysk ûnderwiis is sadwaande in deade letter wurden. Net in wurd hat der oant ein 2016 oer yn kranten stien. Net in wurd hawwe Provinsjale Steaten oan de gong fan saken bestege. De beliedsregel hat gjin frucht fan demokratysk debat west, mar wie oars net as bretale Nacht und Nebel polityk fan in bestjoerlike en politike burokrasy mei mar ien doel foar eagen, sa gau mooglik it Frysk as maatskiplike faktor om sjippe helpe. En de wet derby. Ommers, ‘de nieuwe vorm van ontheffingen voor het vak Fries is bedoeld’, skriuwt de provinsje, ‘om meer recht te doen aan de positie van het Fries in de regio waar de school staat.’ Mei oare wurden, eksit algemien ferplichte Fryske les. De Ried fan de Fryske Beweging hawwe wy yn dit trajekt opfallenderwiis ek neat, net in letter, net in wurd fan fernaam. Wat bewiist dat se oer alle boegen meiferantwurdlik achte wurde moat foar dizze rampsillige sitewaasje. Dêrom, Jousma, haw ik it oer Nonbeweging. Mar sa net, ferbettering, skuld bekenne, ynkear, omkear, is altyd mooglik. Wy sille sjen.

  8. Abe febrewaris 9, 21:29

    En om jo opmerking oer my as frijwilliger foar it Frysk kin ik inkeld mar, tsja, wat eins.

  9. Cor Jousma febrewaris 10, 10:34

    Bêste Abe, oer dy ûntheffingen binne wy it iens. Dy binne net bedoeld om binnen in kolleezje fan de Provinsjale Steaten de frede te bewarjen, mar moatte allinne yn uterste sitewaasjes jûn wurde. Foar in skoalle yn Heechterp dêr’t in soad minsken mei migrante komôf wenje, mei fan my wol tydlik socht wurde nei in groeimodel. Mar foar skoallen yn wiken mei djoere keapwenningen – dus gjin groep as boppe – is der fansels gjin inkelde reden om in ûntheffing foar de Fryske taal te betinken. Soks is nei myn betinken allinne mar om de polityk tefreden te hâlden.

    Dêrom wie en bin ik sa wiis mei dat jimme mei trije man Sis Tsiis betochten. En doe’t jimme mei ‘Frysk op skoalle minskerjocht’ de spiker op ‘e kop mepten, hawwe myn frou en ik graach meirûn. En ek yn de takomst binne wy der.

    De grutste winst fan it oerheveljen fan it foech nei de Steaten, is no krekt dat de polityk him net langer efter De Haach ferskûlje kin. Dus dy polityk net earder loslitte, as dat se levere hawwe! Dêr kinne jimme trije elkoar bêst op fine…

  10. Abe febrewaris 10, 11:32

    Bêst genôch, Jousma. Ien ding moat dúdlik wêze as it oer aksjes giet, en dat is dat de measte minsken oerhelle wurde moatte foar de saak fan it Frysk ûnderwiis. Nét jo en ik, nét de Warns-gongers, nét de Frysksinnige ,,radical fringe”, want jo hoege gjin wetter nei see te bringen, mar de gewoane boargerman, Frysk- of Nederlânsktalich. Dy is twa ieuwen lang foarhâlden dat Fryske les ta skea gean soe fan de behearsking fan it Nederlânsk, dy moat fan SisTsiis wat oars hearre, wat oer better leare yn jins eigen taal, wat oer minskerjochten, wat oer werklike meartaligens (net de skynfariant dy’t de provinsje foar eagen hat) en wat oer kulturele diversiteit. Soks betsjut dat der oer aksjes neitocht wurde moat: foar wat, wêr, wannear, mei wa, mei watfoar symboalen? En dy’t dêr allegear gjin nocht oan hat, om’t er it leaver oer de Fryske midsieuwen of sokssawat hawwe wol, dy moat foaral syn gong gean, mar net ûnder de flagge fan SisTsiis.

  11. Cor Jousma febrewaris 12, 09:45

    ‘[…] mar net ûnder de flagge fan SisTsiis.’

    Bêste Abe, jimme binne Sis Tsiis mei jim trijen begûn, soks jout oan alle trije mar amper mear as 33 persint fan de rjochten op dy namme. Mei goed fatsoen sille jimme op syn minst mei jimme trijen in útwei fine moatte.

    No binne lang alle aksjes net histoarysk, radikaal of oars ferskriklik. Lit ik ris in stien yn dy fiver smite.

    Yn Boalsert stiet in middelbere skoalle dy’t it mei de lessen Frysk net in ûnske mar in kilo minder docht.

    Fansels, rjochtsje jo jo net op ‘e bern, sette jo de âlden net tsjin inoar op. Jo aksje moat oan it management foar iens en altiten dúdlik meitsje, dat dy net rotsoaie moat mei it Bernerjocht: Frysk op skoalle. Dêr hoecht nimmen radikaal foar te wurden en boppedat hat it útstrieling nei alle oare managers…

    It is mar in foarbyld.

  12. Johannes febrewaris 12, 13:35

    Goeie Cor Jousma, Spitich dat jo de fraach fan Abe net beäntwurdzje oer it De Ried fan de Fryske Beweging, mar de rjocht tsjin yngean. Oer omballingen fan Sis Tsiis eamelje en bern yn Heechterp. Giet Cor Jousma op 14 febrewaris nei dy kommisjegearkomste om sân oere jûns yn ‘t Provinsjehûs? It sil dan dreech wêze foar it FNP, 4 sitten fan de 34 om dat der troch te krijen. Wis binne der by de oare partijen ek leden dy ‘t Frysk heech hawwe, mar dat in mearderheid strang wêze sil foar de skoallen, ik betwivelje it. Wurdt it in ferrassing of ferrifelje? Ik bin fan doel om der woansdeitejûn hinne te gean. Sa’n kommisjegearkomste wol ik as FNP-Waadhoeke bestjoerder wolris mei meitsje. Komt it hiele selskip fan de “De Ried fan de Fryske Beweging” ek dy jûn?

  13. Cor Jousma febrewaris 12, 15:26

    Johannes, as jo myn reaksjes goed lêzen hiene dan koene jo witte dat ik al jierren in beweger bûten ferbân bin.

    En nee, ik sil der woansdei net by wêze. Dy ûntheffingen binne polityk wikseljild wurden. De FNP hie ien en oar by de koälysje-ûnderhannelings nea akseptearje moatten, ommers mei 4 sitten falt der tsjin it oare blok no neat mear te dwaan. Spitich, mar it is net oars.

  14. Abe febrewaris 12, 20:33

    De Steatekommisje is 14 febrewaris de middeis, fan 15.30-16.45 (it iepenbiere part). En fansels kin de FNP dwers lizze. Of soe se trijekwart fan de Frysk- en Nederlânsktalige bern samar yn de steek litte, jonges en famkes, jim rêde jim wol mei jim DIALEKT? Sjoen it brek oan stipe op dizze site – de moardoanslach op it Frysk ûnderwiis stilswije, jierdeispraatsjes ophingje oer trijetalige tinkbyldige paradizen – is dy kâns yndie net tinkbyldich. Mar miskien kinne der woansdei in stik as hûndert FNP-leden tagong ta it Provinsjehûs feroverje om de H.H. en H.D. Steateleden oan it ferstân te peuterjen dat DISKRIMINAASJE al sûnt 1945 bekend stiet as in barbaarske bestjoersfoarm?

  15. Johannes febrewaris 14, 22:10

    De steatekommisje gearkomste fan ‘e middei bywenne. NHL/Stenden ûndersyk Taalplan Frysk. Ik earste wat my opfalt is it ferhollânske Frysk dat der sprutsen wurdt en it ien lûd Frysk ynstee fan it wurd ‘Frysk’ as twalûd. Wat tafoel it tal skoallen mei folsleine ûntheffing, allinnich de eilanden. 28% joech yn de Fryske lessen it allegearre neffens de skoallen. De ûndersikers seinen dat it in protte nei meartaligens ta giet. Ik tink dat, dat net goed foar it Frysk is. Mapkes brûke de skoallen foar de Fryske projekten. Skoallen freegje wat sy dwaan moatte. As direksjes wikselje foar de skoallen stean de lessen Frysk stil. Ek goede oplate learkreften is in probleem. As der ynspeksje komt is der panyk by de learkreften. Ynspeksje sjocht net nei it Frysk, dy lessen falle dreks fuort. Der wurdt mar ien kear yn ‘e 4 jier in ûndersyk dien nei de ûntjouwingen fan it Frysk. Better soe wêze 1 kear yn ‘t jier, dat soe de learkreften stipe jaan. Ek kaam it doel en de easken fan it ûndersyk net op it aljemint. Let stean wannear 100% Frysk op skoallen jûn waar. De konklusje fan de kommisje foarsitter wie:”dat soe wol wêze”, it oare ferstie ik net troch it leven fan it ein fan de gearkomste. Ik haw net betrouwen yn dat it de earste 10 jier goed komt mei it Frysk op skoallen. Webside: Taalplan.frl

  16. Hollân wint febrewaris 14, 22:37

    Unbegryplik Frysk Johannes

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.