Nij stik fan Tryater: ‘Wereldburgers van de Voorstreek’

febrewaris 28, 2018 15:17 Fernijd

Yn maart kriget Tryater de kaai fan it eardere Bever-gebou oan de Foarstreek. Dêrmei komt de foarstelling Wereldburgers van de Voorstreek – in projekt út it haadprogramma fan LF2018, te sjen fan ein april ôf – wat tichteby.

In wrâld oan aksinten yn ien strjitte
Bysûndere ferhalen fan oer de hiele wrâld yn jins eigen stêd. Yn Wereldburgers van de Voorstreek ûntdekt men de échte ferhalen efter de toanbanken wei oan de Ljouwerter Foarstreek. De foarstelling giet oer de wrâld fan no, oer it Europa fan no, oer it Ljouwert fan no. It is de taal fan dy strjitte, it binne de ferhalen fan de winkellju út dy strjitte dy’t it byld bepale; it is in nije wrâld foar in soad stedsgenoaten. It teäterstik iepenet de doar nei dy nije wrâld yn ús stêd. De foarstelling is Nederlânsktalich, oanfolle mei Liwwadders en oare aksinten fan de Foarstreek.

Spyldata & lokaasje
Wereldburgers van de Voorstreek is fan 25 april o/m 26 maaie te sjen op lokaasje op de Foarstreek (eardere Beverwinkel). Kaarten binne te bestellen fia de webside fan Tryater of op 058-2539550.

febrewaris 28, 2018 15:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.