Mei-inoar fan it gas ôf

febrewaris 22, 2018 07:41

Fryslân en Grinslân meitsje mei-inoar in sterke fûst tsjin tsjin gaswinning en de skealike gefolgen dêrfan. Sneon 24 febrewaris wurdt in grutte demonstraasje holden yn it grinsgebiet fan de beide provinsjes, by it gasboaringsstasjon yn Opende, de Grinzer Pein, oan de Kolonieweg. De demonstraasje begjin om 10.00 oere. Der wurdt op in massale opkomst rekkene.

Mei-inoar fan it gas ôf! / Samen van het gas af!

It giet fansels net allinnich om de gaswinning, mar ek om de skea troch sâltwinning en it fersakjen fan grûn dêrtroch.

De beide haadsprekkers binne Bram Schmaal (foarsitter Steatenfraksje Groninger Belang) en Corlienke de Jong (foarsitter Steatefraksje FNP).
De organisatoaren soargje foar kofje.

Der is no ek in petysje tsjin gasboarringen boppe Skiermûntseach.
De Steaten fan Fryslân hawwe dêr in moasje oer oannommen.
Dy is te ûndertekenjen op
https://waddenvereniging.nl/stopgaswinning

 

febrewaris 22, 2018 07:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.