Manifestaasje FNP tsjin gaswinning

febrewaris 8, 2018 13:54

De FNP hat it inisjatyf nommen foar in nije manifestaasje tsjin gaswinning. Diskear sil de demonstraasje wêze yn it grinsgebiet fan Fryslân en Grinslân. De manifestaasje is yn oparbeidzjen mei susterpartij Groninger belang en mei de Groninger bodembeweging. Doel is om mei-inoar in sterke fûst te meitsjen tsjin gaswinning en de skealike gefolgen dêrfan. It sil wêze op sneon 24 febrewaris om 10.00 oan de Koloanjewei fan de Grinzer Pein (Opeinde), dêr’t in gasboarringsstasjon stiet.

Neffens de partijen giet it by de manifestaasje net allinnich om de gaswinning mar ek om de skea troch sâltwinning en de boaiemdelgong dêrtroch. Der sille ferskate sprekkers wêze, ûnder oare Bram Smaal (steatefraksjefoarsitter fan Groninger Belang), Corlienke de Jong (steatefraksjefoarsitter fan de FNP) en in fertsjintwurdiger fan de Groninger Bodembeweging. Elkenien is wolkom om mei te dwaan oan de manifestaasje, sa hawwe de organisatoaren witte litten.

 

 

febrewaris 8, 2018 13:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.