Madrid bedriget België om Puigdemont

febrewaris 8, 2018 20:21

Carles Puigdemont (foto: Wikipedia/Generalitat de Catalunya)

Dat de Katalaanske presidint Carles Puigdemont sûnder lijen yn België ferbliuwt, is it Spaanske regear min nei it sin. De Spaanske minister fan útlânske saken Alfonso Dastis hat hjoed dúdlik makke dat it Spaanske regear it de Belgyske oerheid kwea ôfnimt dat it Puigemont gastfrijheid jout.

“Yn prinsipe mei er in normaal libben lizze yn België”, sei Dastis. Mocht Puigdemont lykwols beslute om it Katalaanske regear wer te lieden en dat út Brussel wei, dan sil Spanje België fernimme litte dat it dêr net wiis mei is. “Dat is yn politike termen net noflik foar België of foar it Spaanske regear”, sei Dastis. Op ‘en doer soe it ferbliuw fan Puigdemont de freonskiplike relaasje tusken Spanje en it Belzelân skea dwaan, warskôge er.

febrewaris 8, 2018 20:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*