Live sjen nei briedende see-earnen yn Alde Feanen

febrewaris 19, 2018 15:08

See-earn op ’e hikke. Foto © Sander de Vries

Juster, 18 febrewaris, binne ûnder it programma Vroege Vogels op NPO Radio 1 de kamera’s fan ‘Beleef de Lente’ oanset. Sa kin elkenien de kommende moannen live meigenietsje fan it leafdeslibben fan ûnder mear de wâldûle, stienûle, noardske falk en earrebarre. Nij dit jier is in kamera yn it nêst fan in pearke see-earnen yn Nasjonaal Park de Alde Feanen fan It Fryske Gea. De see-earn is de grutste fûgelsoarte fan Nederlân en wurdt dan ek net om ’e nocht wol ‘de fleanende doar’ neamd. Ferline jier bouden se foar it earst in nêst yn de Alde Feanen. Dit jier hawwe It Fryske Gea en Vogelbescherming Nederland in webcam set om elkenien de mooglikheid te jaan om live mei te genietsjen fan dy grutte fûgels. 

Earste see-earnjong yn Nasjonaal Park De Alde Feanen
Ferline jier hie natuerbeskermingsorganisaasje It Fryske Gea al in primeur. Yn twa fan syn natuerterreinen makke in pearke see-earnen in nêst. De see-earnen yn Nasjonaal Park De Alde Feanen wiene sels tige suksesfol. Meastal kin sa’n earste nêst net oars as mislearje, mar it pearke, sûnder dat it ûnderfining hie, bewiisde it tsjinoerstelde. It brette net allinne it aai mei sukses út, it wiene ek noch goede âlden. Underwilens fljocht it jong fan ferline jier sûn en wol om. Geregeld wurde de âlden mei it jong waarnommen as se op besite binne yn it natuergebiet de Grutte Wielen by Ljouwert of op fisk jeie yn Nasjonaal Park De Alde Feanen.

Maitiid yn ’e holle
De kommende moannen steane foar de see-earnen wer yn it teken fan nij libben. It pear fan ferline jier is al wer sjoen by it âlde nêst, dêr’t de webcam op rjochte is, mar se hawwe it each ek falle litten op in âld haukenêst yn ’e buert. Op beide plakken bouwe se op it stuit oan in nêst. It sil der dus noch om spanne oft de fûgels har foar de kamera sjen litte. Sip Veenstra, meiwurker fan It Fryske Gea: “Oant it alderlêste momint witte wy net foar hokker nêst se kieze sille.” Bloggers en meiwurkers Sip Veenstra en Jan de Boer fan It Fryske Gea folgje it wol en wee op ’e hakken en teannen. Alle wiken beskriuwe se yn harren blog de hichtepunten.

Wa’t nijsgjirrich is, kin harren folgje op www.itfryskegea.nl/zeearend of op www.beleefdelente.nl. De kamera’s bliuwe oant alle jongen útflein binne.

febrewaris 19, 2018 15:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*