‘Kwetsbare Liefde’ fan Chris Keulen winner Sulveren Kamera

febrewaris 4, 2018 11:25

Foto: pixabay.com

Fotograaf Chris Keulen is de winner fan de Sulveren Kamera, de wichtichste Nederlânske priis foar fotografen. Hy wurdt lauwere foar syn reportaazje Kwetsbare Liefde, oer in man dy’t thús yn Limburch foar syn al jierren demintearjende frou, Alda, soarget. Keulen kaam mei har yn ’e kunde yn 2015, doe’t se al acht jier kampte mei demintens. Har man Kim woe perfoarst sels foar Alda soargje. Hy woe net dat syn frou yn “sa’n ynstitút” bedarje soe. Twa jier letter hie Alda net mear yn ’e gaten dat Keulen har fotografearre.

Keulen sei dat er twa jier yn stilte oan de searje wurke hat, sûnder te eksposearjen of publisearjen. “Ik ha hiel lang twivele oft ik wol wat ynstjoere soe. Ik bin mei dizze searje noch lang net klear, dus wannear is dan it tiidstip fan ynstjoeren?” De sjuery neamt it in bysûndere en yntime searje. It maatskiplik belang fan it ferhaal woe de sjuery ek bekroane. Omdat it giet om “âlder wurden en de dêrby hearrende lichaamlike en geastlike ôftakeling en de frijheid om te kiezen hoe’t men it libben ynrjochtet. Wol of net ynjûn troch it byld dat men hat fan de soarch yn in ynstelling.” It feit dat der just ôfrûne jier in hjitte maatskiplike diskusje oer âldereinsoarch wie, makket dizze searje ek sjoernalistyk tige relevant, oardiele de sjuery.

De Sulveren Kamera wurdt sûnt 1949 takend oan in Nederlânske fotograaf dy’t de bêste parsefoto (of searje) fan it jier makke hat. Ferline jier wûn Cigdem Yuksel mei in searje oer Syryske bern. De winner fan de Sulveren Kamera kriget in priis fan 7500 euro en in byldsje.

febrewaris 4, 2018 11:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*