Kosmonauten en astronauten werom op ierde nei fiif moanne ISS

febrewaris 28, 2018 09:11

It ISS (foto: Wikipedia/NASA)

In Russyske kosmonaut en twa Amerikaanske astronauten binne op ierde lâne nei in romtemisje fan goed fiif moanne. De romtefarders lânen mei in kapsule yn it mei snie bedutsen lânskip fan Kazachstan. NASA-astronauten Joe Acaba en Mark Vande Hei en Aleksandr Misoerkin fan it Russyske Roscosmos brochten fiif moanne troch yn it Ynternasjonaal Space Station (ISS). De ôfrûne 168 dagen diene se ûndersyk út it romtestasjon wei op 400 kilometer fan de ierde.

Misoerkin ferbettere mei in oare kosmonaut it Russyske rekôr foar de langste romtekuiertocht. Hy wie acht oeren en trettjin minuten bûten it ISS.

De Sojoez-kapsule dêr’t it trijetal yn weromkaam, lâne yn de omkrite fan de stêd Jezqazgan. Nei de lâning kaam Misoerkin as earste nei bûten, folge troch Acaba. Twa oare Amerikaanske astronauten en in kosmonaut ferfange de trije. Hja wurde ein takom moanne de romte yn sketten út Kazachstan. It ISS hat plak foar seis romtefarders. Op it stuit binne in Rus, in Amerikaan en in Japanner yn it stasjon.

febrewaris 28, 2018 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.