Kolleksje wrâldsân fan Atelier NL no yn Drachten

febrewaris 28, 2018 17:39

Untwerpburo Atelier NL sammelet sân ôfkomstich fan alle mooglike plakken op ierde. De meunsters wurde omsmolten ta glês yn ferskillende kleuren. Atelier NL eksposearret no yn De Lawei yn Drachten ûnder namme To See a World in a Grain of Sand tsientallen sân- en glêsmeunsters, elk mei in eigen ferhaal en unike eigenskippen. Mei-inoar jouwe se in ryk byld fan it grutte ferskaat fan dy grûnstof. 

Ferline jier begûnen ûntwerpers Nadine Sterk en Lonny van Ryswyck fan Atelier NL in priuwke op Oerol. Yn ’e mande mei besikers waard fan ferskillende plakken op it eilân sân sammele. Omsmolten die bliken dat al dy sânmeunsters glês yn ferskillende kleuren opsmieten. ‘De minsken op it eilân wiene tige entûsjast’, fertelt Nadine Sterk. Dy groep is sûnt dy tiid foars útwreide; no ûntfangt Atelier NL sânmeunsters fan oer de hiele wrâld.

It projekt bestiet út ferskillende lagen. Sterk: ‘It sammeljen fan sân makket minsken mear bewust fan de eigen omjouwing of fan it plak dêr’t se bygelyks op fakânsje binne. Der ûntstiet ek wurdearring foar it deistige. Wy behannelje it sân as goud. Troch it sân ta glês om te smelten yn hagelwite smeltkroeskes en te eksposearjen, meitsje wy der wat nijsgjirrichs fan. It projekt stelt ús ta eintsje beslút by steat om omtinken te freegjen foar de krapte oan sân dy’t no wrâldwiid ûntstiet troch grutskalige sânwinning.’

Doch mei: leverje sân yn!
Foar de kommende moannen is De Lawei it sintrum fan Atelier NL. De ûntwerpers nûgje it publyk út om sân yn te leverjen, dat yn de tiie fan de eksposysje omsmolten wurdt ta glêsmeunsters. Dy meunsters wurde taheakke oan de ynstallaasje. It ynleverjen fan it sânmeunster kin fan tongersdei oant en mei snein tusken 14.00 – 17.00 oere. Meld foar it ynleverjen it sânmeinster oan fia https://www.aworldofsand.com/submit.

Workshops
Om de eksposysje hinne wurdt op ferskillende sneinen in workshop Earth Paint maken organisearre. Mei Atelier NL geane de besikers nei bûten om grûnboarringen te dwaan yn Drachten. Werom yn De Lawei meitsje se fan de moude / klaai brûkbere ferve. Atelier NL jout libbene, fisueel stypjende ferhalen oer it doel om dy lokale ferve te brûken. De besikers krije saakkundige, persoanlike op harrensels tasniene ynstruksjes om út ierde harren eigen spesjale ferve te meitsjen. Sjoch op www.lawei.nl/kunst foar mear ynformaasje oer de workshop.

De eksposysje is fergees te besjen op tongersdei oant en mei snein: 14.00 – 17.00 oere (yngong Gauke Boelensstrjitte) en foarôfgeand oan, yn it skoft fan, en nei foarstellingen yn De Lawei. Op snein 1 april, sneon 5 maaie, tongersdei 10 maaie en snein 20 maaie is de eksposysjerûmte ticht.

Sjoch foar mear ynfo op www.lawei.nl/kunst.

febrewaris 28, 2018 17:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.