Keninklike ûnderskieding foar Ben van der Knaap

febrewaris 11, 2018 15:05

Ald-direkteur Ben van der Knaap fan Theater Sneek is beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy krige de ûnderskieding freedtejûn 9 febrewaris 2018 út hannen fan kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok. Dat barde op de Bonte Sneeker Avond yn it Snitser teater.

Van der Knaap út Feanwâlden hat ferline jier ôfskied nommen fan it teater dêr’t er hast tsien jier by belutsen west hat. Doe’t er yn Snits kaam libbe it teater neffens de kommissaris mar amper yn de stêd. Under lieding fan Van der Knaap is dat bot feroare. Hy sette útein mei de foarstellingen yn ûnder mear it âlde postkantoar en de Noardertsjerke.

Tagelyk wurke er oan de plannen foar it nije teater. It Snitser kultuerkertier, dêr it teater diel fan útmakket, is yn 2012 iepene troch de doetiidske Keninginne Beatrix. Yn de earste fiif jier kamen der 300.000 besikers op ôf. Van der Knaap hat der mei foar soarge dat der in teateroanbod foar alle lagen fan de befolking wie. No is it teater mei tank oan syn ynset fan grutte betsjutting foar de regio. 

Foar syn kommen nei Snits wie er direkteur fan Tryater. Earder wie er belutsen by it Ro Teater yn Rotterdam. Dit jier is er dwaande mei At the Watergate, in grut Europeesk jeugdmuzykfestival yn Snits yn it ramt fan LF2018.

febrewaris 11, 2018 15:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.