Karnavalsfierders hawwe ien frije dei om nochtern te wurden

febrewaris 13, 2018 20:10

Sawat fjirtich persint (39,0%) fan karnavalfierend Nederlân hat ien dei rêst nedich om by te kommen fan in karnavalskater. Dat blykt út ûndersyk fan Feestkleding365.nl, wêrby’t oan goed 2.000 respondinten frege waard nei harren hâlden en dragen op de karnavalsdagen.

Ien dei is foar de measte feestgongers genôch om op te betterjen fan de kater nei it karnaval. Guon dogge der wat langer oer om wer de âlde te wurden. 18,4% fan de respondinten jout oan twa dagen nedich te hawwe om wer by de pinken te reitsjen, en 5,8% hat it sa bûnt makke dat se rekkenje op in perioade fan trije dagen of mear om nochtern te wurden.

Dochs is der ek in grut tal feestfierders dat dêr neffens eigen sizzen gjin tiid foar útlûkt: 34% fan de respondinten fielt him de dei nei it karnaval al wer fris en klear.

Alkohol spilet grutte rol
Karnavalfierders dimme net mei it feest as it om alkoholkonsumpsjes giet. Goed de helte (52,6%) fan de respondinten wit trochinoar mear as 15 glêzen alkohol te drinken yn de karnavalswike. In grut ferskil ferlike mei de rest fan it jier. De measten (67,12%) jouwe oan troch de wike gewoanwei maksimaal fiif glêzen alkohol te drinken.

De grutste drinkers mei karnaval hawwe ek de measte nedich om wer in bytsje by sûp en stút te kommen. Fan de feestfierders dy’t 15 of mear glêzen efteroer slane hat 23,0% mear as trije dagen nedich om alhiel op te betterjen. By de karnavalsgongers dy’t nul oant fiif glêzen drinke komt sa’n lang skoft fan opbetterjen net foar: 66,0% is de oare deis al wer op fuotten, foar ‘mar’ 26,2% oer by de sûpstrôten.

Bier is dy dagen de absolute favoryt, mar shots en miksdrankjes binne ek troch de mjitte populêr. De measte bierdrinkers (43,2%) hawwe ien dei nedich om wer hielendal fit te wêzen. Feestfierders dy’t cocktails en sterke drank nuttigje hawwe meastal mear as trije dagen nedich om goed op te knappen.

Slieptekoart hout deryn by feestgongers
De karnavalskater kin ek wat swierder útpakke troch slieptekoart. It grutste part fan de karnavalsgongers (43,3%) sliept mei de karnaval yn trochsneed mar sa’n 4 oant 6 oeren. 35,9% fan de karnavalsgongers sliept oars gewoanwei de nedige 6 oant 8 oeren.

4,6% fan de ûnderfrege persoanen kiest derfoar om oant de iere moarn te feestjen en sliept dan 2 oant 4 oeren. 1,9% fan de feestfierders besiket genôch rêst te krijen mei 1 of 2 oerkes sliep yn ‘e nacht.

Mear ynfo oer dit ûndersyk is te finen op https://www.feestkleding365.nl/carnaval-2018#slaap 

febrewaris 13, 2018 20:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.