Kabinet lûkt jild út foar opromjen gefaarlik kearnôffal Petten

febrewaris 19, 2018 10:58

Foto: Wikipedia

It kabinet lûkt 117 miljoen euro út om radioaktyf ôffal fan de kearnreaktor yn it Noard-Hollânske Petten op te romjen. It giet om it saneamde histoarysk radioaktyf kearnôffal, skriuwt minister Schouten oan de Twadde Keamer. Begjin jierren sechtich fan de foarige ieu begûn yn Petten de produksje fan ûnder oare radioaktive isotopen foar de behanneling fan kankerpasjinten. It ôffal is opslein yn sa’n 1600 fetten, dêr’t in stikmannich fan rustken.

Omwenners hawwe al jierren noed oer it ôffal, mar it nukleêr bedriuw NRG hat te min jild om de fetten nei in feilige opslach oer te bringen. It is ek net dúdlik watfoar materiaal der krekt yn dy fetten sit. Minister Schouten fan Lânbou hopet dat der mei it ekstra jild in duorsume oplossing komt foar it feilich ôffieren fan it kearnôffal. De polityk besleat goed tritich jier lyn al dat de fetten sintraal opslein wurde moatte. De lokaasje foar dy sintrale opfang is de Covra yn Seelân.

febrewaris 19, 2018 10:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*