Kaartferkeap Ynternasjonaal Filmfestival Assen úteinset

febrewaris 23, 2018 10:37

De kaartferkeap foar de 38e edysje fan it Internationaal Filmfestival Assen (IFA) op 10 en 11 maart is hjoed, freed 23 febrewaris, úteinset. Op it festival binne goed fjirtich films te bewûnderjen, wêrûnder in protte foarpremjêres en in tal ynternasjonale titels, dy’t fierder net yn Nederlân te sjen wêze sille. It tema dit jier is: ‘Frou en film’.

Sêne út ‘Lady Bird’

De kaartferkeap foar de IFA Freonen is al earder begûn, op woansdei 21 febrewaris. “Wy sjogge dat benammen The Florida Project fan Sean Baker, Dorst fan Saskia Diesing, Lady Bird fan Greta Gerwig en Les Gardiennes fan Xavier Beauvois tige yn trek binne”, seit projektliedster Jennifer O’Connell.

IFA is dit jier op twa lokaasjes, yn de bioskoop fan DNK en yn it Drintsk Argyf. ‘DNK is it hert fan ús festival. Dêr fertoane wy fierwei de measte films en hawwe wy ek de Contour Râneprogrammearring, dy’t bestiet út muzyk, keunst en literatuer. Njonken de programmearring yn DNK fertoane wy ek fjouwer films yn it Drintsk Argyf. Dat is in prachtige lokaasje dy’t poerbêst past by de films dy’t dêr te sjen binne. Dat binne benammen films dy’t wat te krijen hawwe mei Drinte en it noarden fan it lân”, fertelt O’Connell.

Nij yn dizze edysje binne de ferrassingspakketten, ien op sneon en ien op snein. O’Connell: “It programma is is breed fan opset en dan is it foar besikers lestich kiezen. Foar elkenien dy’t net beslisse kin of dy’t ferrast wurde wol troch prachtige films yntrodusearje wy dit jier it ferrassingspakket.” It pakket bestiet út twa films en wat te drinken en kostet mar € 17,50.

Sjoch op de webside fan IFA foar mear ynformaasje. It programmaboekje is te besjen fia dizze link.

febrewaris 23, 2018 10:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.