Jabik van der Bij swaait ôf as kollumnist

febrewaris 12, 2018 16:16

Jierren hat de geastlike heit fan It Nijs – Jabik van der Bij út Twellegea – syn miening oer alderhande ûnderwerpen publyklik makke. No hat er fûn dat it moai west hat. Hy hat noch mear te dwaan. Dêrom wol er him net mear bine oan in wyklikse kollum.

De redaksje is him tige tankber foar alles wat er foar It Nijs dien hat – en dat is hiel wat mear as it skriuwen fan opinystikken. Wy meitsje ús sterk dat wy noch wol ris wer wat fan him hearre sille as ien of oar maatskiplik of polityk fraachstik spilet. Jins miening mei oaren diele is fansels net oan kollums bûn.

Jabik fêste lêzers sille der efkes oan wenne moatte dat fan hjoed ôf op moandei yn de rubryk Opiny in oare, ek al fertroude kollumnist syn plak ynnimt. Foarearst sille de kollums fan Aant Mulder út Balk op moandei útkomme. Syn fêste lêzers rekkenen oars op woansdei, mar dy hoege tenei dêr net sa lang mear op te wachtsjen.

Redaksje It Nijs

febrewaris 12, 2018 16:16
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Sybren febrewaris 14, 21:10

    Tige tank Jabik!

  2. Johannes febrewaris 14, 22:18

    Oan sjen Jabik, wolkom Aant.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*