Iepenbiere diskusjejûn oer de Sleepwet

febrewaris 21, 2018 19:31

Mei it each op it riejaand referindum op 21 maart 2018 oangeande de Sleepwet hâldt de Fryske Nasjonale Partij (FNP) yn ’e mande mei de Onafhankelijke SenaatsFractie (OSF) op 1 maart op it Hearrenfean in iepenbiere diskusjejûn. Twa sprekkers mei in tsjinstelde miening fiere dêr it wurd.

De saneamde Sleepwet is de Wet op de ynljochtinge- en feilichheidstsjinsten 2017. Yn dy wet wurdt regele dat de AIVD en MIVD mear mooglikheden krije om driging fan terrorisme en kriminaliteit op te spoaren om dy foar te kommen. Ien fan de mooglikheden is dat in saneamd sleepnet ynset wurdt om online kommunikaasje ôf te harkjen, net allinne fan fertochte persoanen mar sels fan de hiele buert dêr’t in fertocht peroan yn wennet. Oare mooglikheden binne dat automatisearre apparaten hackt wurde meie, it oanlizzen fan in geheime DNA-databank en it dielen fan ien en oar mei bûtenlânske ynljochtingetsjinsten.

De sprekkers binne Arend Jan Boekestijn, âld-Twadde Keamerlid fan de VVD (foarstanner) en Sandra Rottenberg, skriuwster en histoarika (PvdA en tsjinstanner). Neidat sy it foar en tsjin fan de Sleepwet behannele hawwe, kinne de oanwêzigen fragen stelle en yn diskusje gean om sa harren eigen oardiel oer de wet te foarmjen mei it each op it referindum.

It referindum wurdt holden tagelyk mei de gemeenteriedsferkiezingen op 21 maart, ek yn de gemeenten dy’t yn novimber as stimd hawwe.

De ynformaasje- en diskusjejûn is in inisjatyf fan de FNP en de OSF, dêr’t behalve de FNP oer it hiele lân de provinsjale politike partijen by oansletten binne. De OSF hat ien sit yn de Earste Keamer, de FNP’er Hindrik ten Hoeve fan It Hearrenfean. It is in iepenbiere gearkomste dêr’t elkenien, ek leden fan oare partijen en partijleazen wolkom binne.

De jûn wurdt holden op It Hearrenfean, yn De Koningshof, Prinsewei 1 (fuort njonken de A32). De tagong en in bakje kofje of tee binne fergees. De doarren geane om 19.15 oere iepen en de gearsit begjint om 20.00 oere.

 

febrewaris 21, 2018 19:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.