Horeka hielendal reekfrij: ek gjin smokersrûmten mear

febrewaris 13, 2018 23:55

De smoker sil tenei bûtendoar stean moatte of it in jûntsje sûnder tabak dwaan. Smokersrûmten yn kafees en restaurants binne net langer tastien. Dat hat it gerjochtshôf yn De Haach juster útmakke.

Kafees, restaurants, diskoteken en oare gelegenheden moatte de smokersrûmten oprûmje. Gauris binne it glêzene rûmten yn de gebouwen, soms binne it aparte keamers.

It ferbod hat op it foarste plak te krijen mei de rjochten fan wurknimmers. Dy hawwe nammentlik rjocht op in reekfrij wurkplak. As hja de smokersrûmten himmelje moatte of der betsjinje moatte of lege glêzen ophelje, dan komme hja yn de reek en dat mei net.

Fierders makket it feit dat in part fan in selskip de smokersrûmte opsiket dat de oaren yn dat selskip mar meigeane, om’t de groep oars útinoar falt. Sa wurdt druk op minsken lein om yn ‘e reek te sitten. Dat mei neffens de rjochter ek net.

Horekakoepelorganisaasje KHN is benaud dat smokers de horeka no mije sille. Neffens de organisaasje is it ek net earlik dat de wet der komt, no’t safolle bedriuwen jild útjûn hawwe om in spesjale smokersrûmte yn te rjochtsjen. Antysmokersorganisaasje Clean Air Nederland, dat de rjochtssaak oanspand hie, is krekt wiis mei de útspraak.

febrewaris 13, 2018 23:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.