Hidde van der Hoek wint solistekonkoers

febrewaris 12, 2018 15:44

foto: Berend IJtsma

Op 3 febrewaris waard yn doarpshûs It Geahûs yn Garyp foar de 44-ste kear it solistekonkoers organisearre troch de Federaasje fan Muzykferieningen en Drumbands yn Tytsjerksteradiel. It beoardieljen waard dien op grûn fan it Unisono Reglemint foar Solisten en Ensembles. Dat betsjut dat de yndieling yn divyzjes bart en der in puntewurdearring takend wurdt op grûn fan it saneamde 100-puntesysteem. Acht ferieningen fan de alve by de federaasje oansletten ferieningen wienen dizze kear fertsjintwurdige. It gie om Apollo Burgum, De Bazuin Oentsjerk, Bernlef Noardburgum, Hallelujah Burgum, Joost Wiersma Jistrum, De Lofstem Sumar, Looft den Heer Garyp en Speelt Wel Suwâld.

De 35 dielnimmende solisten en kwartetten waarden troch Sijtze van der Hoek besjureare. Bert Liefers begelate sawat alle dielnimmers op de piano.

It solistekonkoers ferrûn yn goede, gesellige en ûntspande sfear, al wie it fansels foar de dielnimmers wol spannend. Lokkich is de sjuery altyd sa betûft om dêr trochhinne te sjen. De levere prestaasjes wiene wer fan in goed nivo. Dat die ek wol bliken út de útslaggen.

Winner yn de jeugddivyzje waard Hidde van der Hoek mei 88 punten.
Winner yn de 5e divyzje waard Marije Zwart mei 87 punten.
Winner yn de 4e divyzje waard Familie Zwart mei 86 punten.
Winner yn de 3e divyzje waard Andrea Elzinga mei 86 punten.
Winner yn de 1e divyzje waard Brigitte Tabak mei 87 punten.
Om’t Hidde van der Hoek de meeste punten oer it hiele konkoers behelle, is hy de deiwinner. De Buro Benedictus wikselbokaal waard út hannen  fan federajebestjoerslid Paulus Koops útrikt oan Hidde.

De fiif divyzjewinners meie 26 maaie 2018 de Federaasje fan Muzykferieningen en Drumbands yn Tytsjerksteradiel fertsjintwurdigje by De Klank & Slach fan Fryslân, it provinsjale solistekonkoers fan de OMF yn De Lawei te Drachten. Alle oare solisten, duetten, trio’s, kwartetten kinne har oanmelde om mei te dwaan oan De Klank & Slach fan Fryslân. It 45-ste FMDT solistekonkoers is op sneon 26 jannewaris 2019.

febrewaris 12, 2018 15:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.