Halbe Zijlstra nimt dien as minister fan útlânske saken

febrewaris 13, 2018 23:32

Op 26 oktober waard Halbe Zijlstra minister fan útlânske saken fan Nederlân. Hjoed hat er dien nommen. Noch nea hat ien yn dy funksje sa koart sitten.

Zijlstra, hikke en tein yn Easterwâlde, naam dien nei’t de Twadde Keamer him ûnder druk set hie. It betrouwen yn Zijlstra wie fuort sûnt er in deimennich lyn buorkundich makke hie dat er ûnwiere ynformaasje ferspraat hie oer syn kontakten mei de Russyske premier Vladimir Poetin. Hy soe yn Poetin syn fakânsjehûs west hawwe en dêr fan Poetin fernommen hawwe dat dy ambysjes hie foar in “Grut-Ruslân”, dêr’t oare lannen foar ynnommen wurde moasten. It die bliken dat er dat allinne mar fan hearren en sizzen hie.

Premier Mark Rutte moast de meneuvel fan Zijlstra ek bekeapje. In moasje fan misbetrouwen fan PVV-Keamerlid Geert Wilders krige stipe fan 43 Keamerleden. Wilders naam it Rutte kwea ôf dat dy op 29 jannewaris al wist fan Zijlstra syn flouwerij, mar de Keamer net ynformearre hie.

febrewaris 13, 2018 23:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.