Haaksbergen hâldt earste natueriismaraton

febrewaris 28, 2018 09:03

Foto: pixabay.com

Reedryd- en skeelerklup IJSCH yn Haaksbergen mei woansdeitejûn de earste maraton op natueriis fan it seizoen organisearje. De KNSB hat de baan goedkard. It iis hat de fereaske tsjokte fan minimaal trije sintimeter. Om 19.00 oere starte de froulju, in oerke letter de manlju. Kompetysjelieder Willem Hut fan it reedrydbûn makke dat bekend nei it karren yn Arnhim, dêr’t ek striden waard om de earste maraton te organisearjen.

Haaksbergen docht hast alle winters mei oan de striid om de earste maraton op natueriis. It is sûnt 2000 de sechde kear dat Haaksbergen wint. De iisklup yn Twinte troeve twa Arnhimske ferienings ôf. Dêr wie it iis yn in bocht noch net tsjok genôch. Tongersdei wurdt dêr wol de twadde maraton holden. As de froast goed trochset folgje dêrnei miskien noch in pear yn oare plakken.

febrewaris 28, 2018 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.