Greenpeace demonstrearret tsjin gasboarrings Skiermûntseach

febrewaris 16, 2018 22:49

Greenpeace hat freed aksjefierd op ‘e Noardsee. De miljeu-organisaasje wol foarkomme dat it Britske bedriuw Hansa Hydrocarbons by Skiermûntseach gas út it Waad hellet. Greenpeace is ûnder oaren benaud foar grûnfersakjen, wat it Waadlânskip ferneatigje kin en de oarsaak wurde kin fan ierdskokken. De eilânbewenners binne ek net wiis mei de boarplannen. Hja binne bang foar ûngemakken mei it gas en mei ierdskokken en hja wize derop dat de boartoer ticht by in drokke farrûte stiet, wat de kâns op oanfarrings grut makket. Op Skier sels wie dêrom freed ek in demonstraasje.

Hjoed wie in proefboarring plend. Yn septimber hat Hansa Hydrocarbons ek al ien dien. De boarrings hawwe as doel om te sjen oft gasboarjen op it Waad foldwaande opsmyt.

febrewaris 16, 2018 22:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*