Gedicht: net oer ien nacht iis

febrewaris 3, 2018 09:05

Foto: pixabay.com

net oer ien nacht iis

Doutzen, it hynder fan boer De Vries
hâldt tige bot fan iis
net fan iis om op te iten
mar fan iis om op te riden

se hat dêrom redens kocht
en treent mei in protte nocht
foar de alvestêdetocht

fan ’t simmer wie se op skeelers yn it spier
en die oan krêfttrening, ja echt wier
har kondysje is dus goed
ja, it reedriden sit har yn it bloed

it wachtsjen is no op barre kjeld
want it moat wol frieze mei geweld
want Doutzen is wol wiis
se rydt allinnich op hynste-iis

Folkje Koster

febrewaris 3, 2018 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*