Fûle taalstriid yn Noard-Ierlân

febrewaris 10, 2018 13:20

Noard-Ierlân (donkergrien) yn it Feriene Keninkryk (grien)

Twa diskusjes hawwe de ynwenners fan Noard-Ierlân op it stuit yn ’e greep: meie minsken fan likens slachte mei-inoar boaskje en moat it Iersk as bestjoerstaal brûkt wurde? It regear yn Londen hat dizze wike trochskimerje litten dat it syn nocht kriget fan it gehakketak en dat de Noard-Ieren no hurd knopen trochslaan moatte, oars komt Belfast ûnder direkt bestjoer fan Londen.

Yn Skotlân en Wales hawwe de oarspronklike talen Gaelic, Skotsk en Welsk in offisjele funksje. In protte protestanten yn Noard-Ierlân moatte fan in soartgelikense regeling foar it Iersk lykwols neat hawwe. Hja beskôgje de taal as “te Iersk” en “te katolyk”.

De fûlste spilers binne it tige pro-Ierske Sinn Fein, dat stribbet nei in lykweardige rol fan it Ingelsk en it Iersk, en oan ‘e oare kant de DUP (Democratic Unionist Party), dy’t alles docht om Noard-Ierlân ientalich Ingelsk te meitsjen.

Elke gearkomste fan it Noard-Ierske parlemint is in lytse taalstriid. Hoewol’t der altyd Ingelsk praat wurdt, begjinne de fertsjintwurdigers fan Sinn Fein harren bydragen altiten mei “Go raibh maith agat” (tige tank, foarsitter). DUP-fertsjintwurdiger Gregory Campbell begûn syn bydragen yn in reaksje dêrop mei it hast gelyk klinkende “Curry my yogurt” (doch kerry oer myn yochert). Hy ljochtet ta: “Ik ha de ûnsin sjen litten fan minsken dy’t sanedich alle kearen yn it Iersk begjinne moatte, wylst de measten fan ús gjin idee hawwe wat hja sizze.” Neffens him is it Iersk “in kaboutertaal”, dy’t “troch IRA-terroristen nij libben ynblaasd is om de Britten dwers te sitten”.

Neffens Peter Weir, de eardere minister fan ûnderwiis fan Noard-Ierlân en DUP-lid, sjogge de Noard-Ieren in taalwet as ûnnedich. It earste dat er die, doe’t er minister waard, wie it webstee fan syn ministearje ientalich Ingelsk meitsje troch de Ierske teksten weihelje te litten. Neffens him binne twatalige buorden “foar guon minsken bedriigjend”. Iersktalige buorden soene derútsjen as “territoariumôfbeakenings”.

febrewaris 10, 2018 13:20
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. wirbel010 febrewaris 11, 11:15

    Iersk te katolyk? Dan binne je arguminten echt op net? Dy protestanten binne sa te sjen nochal faksistyk yn harren miening dat it Iersk gjin plak hat yn Ierlân

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.