Fryslân op hantekeningejacht – Rêd de lytse talen

febrewaris 18, 2018 16:10

Woansdei 21 febrewaris:

basisskoalle De Pôlle yn Marsum

it Provinsjehûs

it gebou Lân fan Taal yn Ljouwert

in soad skoallen

 

Lytse talen as it Frysk en streektalen lykas Limburchsk en Nedersaksysk hawwe it dreech. De FUEN is op Europeesk nivo mei in boargerinisjatyf úteinset om in miljoen hantekeningen te sammeljen om sa it ferskaat oan talen te stypjen.

Hoewol’t yn it heger ûnderwiis it Ingelsk it Nederlânsk driget te ferdriuwen, hat it Nederlânsk noch in sterke posysje. Dat is oars mei in lytse taal as it Frysk. It mei dan de twadde offisjele taal njonken it Nederlânsk wêze, de Friezen moatte alle war dwaan om de taal oerlibje te litten. Dat bart lokkich. It Frysk is in ferplichte taal op de basisskoalle. Sa’n tachtich dêrfan binne trijetalich. Njonken Nederlânsk en Ingelsk wurdt dêr Frysk jûn. Basisskoalle De Pôlle yn Marsum kriget op 21 febrewaris om 10.00 oere it sertifikaat foar de meast útwreide fariant.

Lytse talen lykas it Frysk en regionale talen lykas Limburchsk en Nedersaksysk kinne allinne oerlibje as de sprekkers sels de taal brûke en trochjouwe oan harren bern en as dy taal stipe wurdt troch ûnderwiis. Nasjonale beskerming is fereaske yn ’e foarm fan wetjouwing.

Op Europeesk nivo wurdt hieltyd mear omtinken jûn oan it ferskaat fan talen. De FUEN, in grutte organisaasje fan Europeeske minderheden, is yn septimber in boargerinisjatyf begûn om in miljoen hantekeningen yn Europa te sammeljen om de wearde fan it ferskaat oan talen ûnder de oandacht fan Europeeske en nasjonale politisy te bringen: it Minority SafePack Initiative. Undertusken binne mear as 650.000 hantekeningen sammele.

Fryslân mei Ljouwert yn 2018 as kulturele haadstêd fan Europa docht fan herten mei. Ien fan de grutte projekten is ‘Lân fan Taal’. Op de Unesco Memmetaaldei, woansdei 21 febrewaris, kin yn Fryslân yn it Provinsjehûs, yn Obe, it ‘Lân fan Taal’-gebou yn Ljouwert, en op in soad skoallen, lykas dy yn Marsum digitaal en op papier tekene wurde foar dat Minority SafePack. Online kin dat oeral en altyd oant en mei 3 april.

De aksje yn Fryslân is in mienskiplik inisjatyf fan it EBLT, it Europeesk buro foar lytse talen, it Mercator-stúdzjesintrum fan de Fryske Akademy en de Ried fan de Fryske Beweging. De aksje wurdt stipe troch in soad Fryske organisaasjes.

Foar fierdere ynformaasje kin kontakt opnommen wurde mei
Pier Bergsma, pier_bergsma@hotmail.com en Aant Mulder, aant.mulder@ziggo.nl
Sjoch ek en om te tekenjen: http://www.minority-safepack.eu/

febrewaris 18, 2018 16:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*