Fryslân nimt tariedingen op de kommende froastperioade

febrewaris 25, 2018 08:53

Yn it belang fan it oanwaaksen fan it iis hawwe de Fryske partners (Provinsje, Wetterskip en IIsbûn) de krêften bondele. Wetterskip Fryslân hat de measte gemalen stilset. Dêrneist bliuwe de slûzen by it gebiet de Lege Wâlden sletten. De Provinsje hat in farferbod oankundige. Sa komt it wetter yn de Fryske kanalen, fearten en farwegen ta rêst en kin de kâns op sterk iis fergrutte wurde.

Boezembehear
Fanwegen de ferwachte froast is it wetterskip al in pear dagen mei tariedingen dwaande. De ôffier nei de Lauwersmar is woansdei al stillein. Sûnt sneon is de hiele Fryske boezem yn rêst. De Provinsje hat in farferbod ynsteld dat fan sneon 17.00 oere ôf jildt. De haadfarwegen binne dêrfan útsletten. Yn tsjinstelling ta eardere berjochten sjocht it Wetterskip ôf fan de draaidagen mei it Woudagemaal, om gjin risiko’s te rinnen mei it oangroeien fan it iis. Der wurde nije data foar de draaidagen keazen.

Poldergemalen
Net alle poldergemalen wurde útset. De kommende dagen wurdt besjoen yn hokker polders it ferantwurde is om de gemalen út te setten. Op plakken dêr’t in soad kwelwetter omheech komt, bliuwe de poldergemalen langer oan. Sa wurdt besocht wetteroerlêst foar te wêzen.

IIsfeiligens
De iisfeiligens en de organisaasje fan reedriderstochten is in mienskiplike ferantwurdlikheid fan de pleatslike iiswegesintrales, gemeenten en de Friesche IJsbond. Der is alle dagen kontakt tusken de IIsbûn, waarkundigen, de Provinsje en it Wetterskip.

Deistich iisberjocht
Wetterskip Fryslân berjochtet yn froastperioaden alle dagen op de webside oer it waar en de maatregels dy’t it wetterskip nimt om de iiswille yn de provinsje te befoarderjen.

febrewaris 25, 2018 08:53
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Johannes febrewaris 25, 18:28

    Foarstperioade?
    perioade=skoft, winterwaar, stringe foarst.
    iisoangroei? It iis groeit net yn ‘t Frysk. “It iis waakst oan”, faaks.
    Wat foar Hollanner hat dit skreaun?
    De Afûk hat hjir in hiele goede kursus foar om geef Frysk te skriuwen.

  2. H. febrewaris 25, 20:16

    Der is in protte dat misgean kin yn de Fryske skriuwtaal, mar it ferwyt fan Johannes hjirboppe hat gjin basis. Der is neat op ‘perioade’ tsjin en ek net op ‘oangroeie’. Der is gjin noarm foar it Frysk te finen, ek net by de Afûk, dêr’t dy wurden bûten falle. Jo hoege mar in wurdboek op te slaan om te sjen dat dat heel gewoane Fryske wurden binne.

    Wat oars al bûten de Afûk-noarm falt (en yn ‘e sprektaal ek net botte gewoan is), is ‘foarst’ foar ‘froast’.

  3. B febrewaris 25, 21:23

    Ik sjoch it ek leaver oars oerset, want as it oer it waar giet brûke wy yn it Frysk it wurd ‘rite’ foar in koart of langer skoft. In froastperioade heart net sa Frysk as ‘in froastige rite’. Sa binne der ek drûge, wiete, kâlde en reinige riten. Ik lês leaver Frysk Frysk as oerset Nederlânsk. Woe J. dát faaks sizze?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*