Fryske lessen meastal beroerd, ûnderwizers krije tiid en begelieding foar ferbettering

febrewaris 16, 2018 22:16

It lêzen en skriuwen yn de eigen taal komt op ‘e measte Fryske basisskoallen oan ‘e krapperein. Sels it praten en ferstean fan it Frysk is lang net oeral ynoarder. Mar 28 persint fan alle 412 basisskoallen yn Fryslân jout Frysk op it wetlik fereaske nivo. De oare 72 persint hat in grut ferskaat: der binne skoallen dêr’t masters en juffen wol wat oan Frysk dogge, mar op in te leech nivo. Der binne ek skoallen dy’t suver neat oan it Frysk dogge.

Dat docht bliken út ûndersyk fan de hegeskoallen NHL en Stenden. Undersykster Nynke Anna Varkevisser seit dat benammen fan-hûs-út Hollânsktalige ûnderwizers it net oandoare en jou Fryske les, sels al hawwe se yn harren oplieding of yn in bylearkursus de papieren dêrfoar wol helle. De ûndersykster seit: “Se doarre net Frysk te praten. Dan sjochst dat dosinten dy’t gjin foech hawwe, mar wol Frysktalich binne, de Fryske les jouwe.”

De provinsje hat in plan om de situaasje te ferbetterjen, it Taalplan Frysk. Dat hâldt yn dat skoallen tydlik dispensaasje krije kinne fan de ferplichting om it folsleine fak Frysk op heech nivo oan te bieden. Betingst is dat se yn gearwurking mei ûnderwiiskundigen fan hegeskoalle NHL in ferbetterplan opstelle, sadat learkrêften bygelyks op kursus gean kinne. As se dat dogge, krije se in hoart tastimming om ûnder it fereaske nivo Frysk te jaan. Nei fjouwer jier moatte se it nivo ferhege hawwe. De basis dêrfoar is in beslút dat de provinsje yn 2015 nommen hat. It is hjir te lêzen: link. It ferbetterplan is hjir te lêzen: link.

It is net de earste kear dat de provinsje yn in langetermynprojekt besiket om wat te dwaan oan it nivo fan de Fryske lessen. Yn 2006 binne der foar it Nederlânske basisûnderwiis nije kearndoelen opsteld. De âlde, tige detaillearre doelen binne doe ferfongen troch folle bredere doelen. Foar it Frysk is doe as doel steld dat alle bern yn it Fryske taalgebiet ienfâldich Frysk ferstean, prate, lêze en skriuwe kinne en dat hja de Fryske taal lije meie (link). De provinsje hat by it ministearje fan ûnderwiis op dy doelen oanstien en tagelyk it ûntwikkeljen fan de learmetoade Studio F stipe. Dy wie derfoar ornearre om elk bern op syn eigen nivo leare te litten: it iene bern koe wurkje oan it ferstean, wylst in klasgenoat him rjochte op it skriuwen, ôfhinklik fan thússituaasje, feardichheid en yntelliginsje. Dat slagge lykwols net, om’t Frysk jaan op ferskillende nivo’s foar de measte ûnderwizers te dreech wie. Mear ynformaasje oer Studio F is hjir te finen: link.

febrewaris 16, 2018 22:16
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Bakker febrewaris 17, 08:51

    Ik haw der gjin ferstân fan, mar krij hyltyd faker de yndruk dat it probleem te’n djipsten by de leararen leit. It sil neffens my mear doel ha as der op elke Fryske skoalle in aparte dosint Frysk oansteld wurdt dy’t inkeld it fak Frysk jout, en dan it leafst troch in ‘native speaker’. Dat sil dan ek noch in moai protsje nije banen opsmite!

  2. Jabik Jans febrewaris 21, 10:37

    De swierrichheden binne ûnstien doe ‘t de lokale PABO’s (Dokkum, Snits, Drachten, Ljouwert) gearfoege binne op de NHL en Stenden. Ek fanwegen de protte Grinslanners op de opliedingen is de fiertaal of de NHL en Stenden it Hollânsk. It Frysk hat gjin status op dy skoallen en as it al praat wurdt is it striemin Frysk.

  3. B febrewaris 21, 14:58

    Saksyske bedriging is al iuwenâld. Sjoch Grinzer Ommelannen en East-Fryslân. Dy wiene eartiids ek Frysktalich. Lykwols, mei laitsjen lit men ek jins tosken sjen. Lit ús mei sjarme dit effensyf -dat it net is- tsjingean. Bytsje flinker wêze Friezen!

  4. B febrewaris 21, 15:09

    Sa net, de PABO koe wolris de oarsaak wêze. Hoe kin it oars dat dosinten dy’t ál in kwalifikaasje yn ‘e bûse hawwe, likegoed it Frysk min behearskje? De oplieding kin better fia de Akademy rinne. Lit dy PABO’S mar sitte.

  5. jangerben septimber 5, 11:23

    Dyjinge dy’t it Frysk lêzen en skriuwen leart hat, kinne harren aai wat it Frysk oanbelaget net kwyt. Yn dei en wykblêden stiet hast gjin Fryske tekst yn. Nim no de Friesland Post dy word bewust yn it Hollânsk skreaun.Op dy redaksjes soene foaral troch de FNP as de Fryske beweging druk op utoefene wurde moatte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*