Foarearst noch net hurdfarre op de Burgumer Mar

febrewaris 25, 2018 09:02

Deputearre Steaten binne posityf oer it inisjatyf om it hurdfarren op de Burgumer Mar ta te stean, mar jout foarearst noch gjin grien ljocht. De Provinsje wol earst goed yn kaart bringe wat it betsjutte sil foar de natuer, de feiligens op it wetter en foar de omwenners. Der is in bredere wettersportfyzje nedich foardat it hurdfarren tastien wurde kin.

Deputearre Kramer: “Wy wolle inisjativen út de mienskip stypje. Dêrom hawwe wy de kânsen foar in pilot goed ûndersocht. Wy fine it ek wichtich dat der rekken holden wurdt mei de natuer, de feiligens fan de oare wettersporters en dat der net te folle oerlêst ûntstiet foar de omwenners. Wy tinke dat it mooglik is om it hurdfarren ta te stean, mar wy moatte it yn in breder perspektyf besjen.” Deputearre Steaten hawwe dêrom besletten om it hurdfarren op de Burgumer Mar foarearst net ta te stean.

It belied ‘Snelle watersport in Friesland’ is fan 2003. Dêr wurdt gjin romte yn jûn foar it hurdfarren en funsports op de Burgumer Mar. Inisjatyfnimmers wolle dat dochs graach en hawwe dêrom kontakt mei de gemeente Tytsjerksteradiel opnommen. De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel frege de Provinsje om nei de mooglikheden foar in pilot te sjen. Dêr soe it hurdfarren oerdeis by tastien wêze moatte yn in ôfbeakene gebiet, bûten it briedseizoen.

Brede wettersportfyzje
It kolleezje wol in brede wettersportfyzje foar Fryslân opstelle, dêr’t ek yn sjoen wurdt nei it hurdfarren. Dy fyzje sil in ferfolch wêze op de startnotysje ‘Evaluatie Friese Meren Project’. Yn april wurdt de startnotysje foarlein oan Provinsjale Steaten.

febrewaris 25, 2018 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.