Flinke taname mbû-fakatueres

febrewaris 13, 2018 09:52

Foto: pixabay.com

It tal fakatueres foar mbû’ers groeit flink. Yn de perioade fan maart oant en mei augustus ferline jier wiene der tweintich persint mear mbû-fakatueres as yn deselde perioade yn 2016, sa’n 248.000. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Gearwurkingsorganisaasje Beropsûnderwiis Bedriuwslibben (SBB) en útkearingsynstânsje UWV.

De measte fakatueres wiene ferline jier tusken febrewaris en augustus te finen yn de hoareka en rekreaasje, hast fyftichtûzen. Folge troch de detailhannel en tsjinstferliening, mei 41.540 fakatueres. Yn de soarch wiene ek in protte fakatueres: hast tweintichtûzen.

Troch de geunstige arbeidsmerk naam it tal jongelju oant 27 jier dat in WW-útkearing oanfreget by it UWV flink ôf, fan tachtichtûzen yn 2016 nei goed sechtichtûzen yn 2017. De grutste ôfname wie yn Noard-Limburch, mei 34 persint. Sektoaren dêr’t de wurkleazens minder weromrûn binne de yndustry, nutsbedriuwen en grûnstoffen.

Jongelju dy’t in mbû-oplieding folgje, hawwe de grutste kâns op in baan as se kieze foar opliedings as servicemonteur, ferkeaper yn de detailhannel of ferpleechkundige. Yn alle regio’s naam it tal mbû-fakatueres ta. De jeugdwurkleazens is ûnderwilens werom op it lege nivo fan foar de krisis, berjochtet it UWV.

febrewaris 13, 2018 09:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.