Fleanende start animaasjefilm Woesj

febrewaris 14, 2018 07:14

Yn ’e hjerst fan 2016 kaam it printeboek Wapper út as aksjeboek fan de Fryske boekewike. Dêrnei hawwe de makkers Yke Reeder en Sytse Jansma mei Akke Antje Hettema by alle tretjin dielnimmende skoallen út it spesjaal ûnderwiis fan Fryslân lâns west mei in teatrale fertelling fan it boek. Nei ôfrin giene de bern sels oan ´e slach en makken se harren eigen ‘wapper’ fan papier. Dy kreaasjes binne no allegear troch Sytse Jansma ferwurke yn de animaasjefilm Woesj.

Yn 2018 sil Woesj by de skoallen lâns, sadat de bern harren fûgels op in grut skerm skitterjen sjogge. De fleanende start (premjêre) is op 16 febrewaris tussen de skriezen fan it Natuermuseum Fryslân. SBO De Aquamarijn sil de earste skoalle wêze dy’t de animaasje te sjen kriget. Nei de feestlike iepening krije de bern noch in rûnlieding troch it museum.

Datum: freed 16 febrewaris
Earste premjêre: 9.15 oere; Twadde premjêre: 10.00 oere Tredde premjêre: 10.45 oere
Plak: Natuermuseum Fryslân
Adres: Schoenmakersperk 2, Ljouwert
Trailer Woesj: www.studiosj.nl

febrewaris 14, 2018 07:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*