Fjouwer dagen kleurryk Yiddish Waves yn Kulturele Haadstêd

febrewaris 18, 2018 15:29

Fan 1 oant en mei 4 maart is Ljouwert net allinnich Kulturele Haadstêd fan Europa mar ek efkes Jiddyske haadstêd. Dan is der it festival YIDDISH WAVES mei in programma dat de sinnen prykje lit. Mei konserten, workshops, lêzingen, húskeamerkonserten, shmuezen en noch folle mear wurdt it typysk Jiddyske mienskipsgefoel oerbrocht, de solidêrens, de waarmte en de humor. It feest is yn it âlde Joadske part fan de stêd, by Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar en Histoarysk Sintrum Ljouwert. De konserten binne yn de Westertsjerke, it eardere poppoadium Romein.

Klezmer en wrâldmuzyk, moeting fan kultueren
Op it programma steane ynternasjonale artysten dy’t yn Nederlân noch net op de planken stien hawwe.
Tongersdeitejûn 1 maart wurdt it festival iepene mei de Nederlânske premjêre fan Karavanserai, in ynternasjonale muzikale ûntdekkingsreis. Nederlânsk-Jiddyske diva Lucette van den Berg giet mei ynternasjonale topmusisy Kamal Hors, Anass Habib, Modar Salameh en Gregor Schaefer op muzikale ûntdekkingstocht. Jiddyske, Arabyske, Andalûzyske en Syryske muzyk wurdt omfoarme ta in nij, harmoanysk universum, in nije klankwrâld.

Pan European Punkfolk: Daniel Kahn & the Painted Bird spylje op freedtejûn 2 maart nûmers fan harren nije album The Butcher’s share. Op spesjale útnûging fan de Hongaarske ambassade spilet op sneontejûn 3 maart de wrâldwiid ferneamde Hongaarske folkmuzykband Muzcikás.

Op sneintemiddei 4 maart: ‘Talk about your good vibrations – this is pure soul music with a Jewish heartbeat’. Ut de Feriene Steaten, Ruslân en Grut-Brittannië komme Sklamberg & the Shepherds, trije renommearre artysten út de ynternasjonale Jiddyske muzykscene nei Ljouwert om pearels fan de Jiddyske muzyk hearre te litten.

Fierder op it programma: Andrea Pancur mei it programma Alpen Klezmer, Efim Chorny en Susan Ghergus uit Moldavië, the Dutch Yiddish Divas Lucette van den Berg en Rolinha Kross mei Tsulib Willy, in memorialkonsert foar de koartlyn stoarne bekende Jiddyske aktrise en foarfjochter fan it Jiddysk, Willy Brill. Mar ek Nederlânske Jiddyske muzikanten, bands en ensembles binne programmearre, lykas de bekende Shtetl Band Amsterdam, Trio C tot de Derde, NewKlezCollectif, Klezmer & Co, Syntact Ensemble, Marie Hoogendam en Riemer den Ouden.

Toffe workshops en lêzingen foar goochemerts
Bolleboas, gabber, mesjogge of kapsones: de Nederlânske taal sit grôtfol mei Jiddyske wurden. Dat is net sa frjemd, want de Jiddyske kultuer is altyd thús yn oare lannen. Hiel Europa klinkt troch it Jiddysk hinne. Foar wa’t mear fan de Jiddyske kultuer witte wol is Tresoar it plak. As part fan it taalfestyn Lân fan Taal binne dêr op freed, sneon en snein in fyftjintal ferskillende taal- en muzykworkshops en lêzingen te folgjen oer de Jiddyske kultuer. Yn de hal fan Tresoar wurdt in shmues-krays ynrjochte, in Jiddyske kletsklub, dêr’t elkenien útnûge wurdt om in wurdsje Jiddysk mei te shmuezen. Mameloshn sprekkers Salomon en Paulette Bielasiak út Parys nimme de gasten mei yn de kleurrike Jiddyske wrâld.

It folsleine festivalprogramma is te finen op www.yiddishwaves.nl

Links nei op YouTube optredende artysten:
Daniel Kahn & The Painted Bird                https://youtu.be/6KFVVKFxr60 
Muzsikás                                                    https://youtu.be/a_WJ3Nt8laU
Sklamberg & The Shepherds                     https://youtu.be/Yb7216DEIFM

febrewaris 18, 2018 15:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.