Fiif tips fan programmeur Ynternasjonaal Filmfestival Assen

febrewaris 27, 2018 09:19

Mei mear as fjirtich films en foarpremjêres hat it Internationaal Filmfestival Assen op 10 en 11 maart in sterk programma. Lêstich kiezen. Programmeur Jennifer O’Connell tipt dêrom de fiif films út it programma dy’t sy it bysûnderst fynt. “Fiif films út it hiele programma kieze wie in flinke útdaging, mar as ik dan echt net mear neame mei gean ik foar The Rider, Marlina the Murderer in Four Acts, Bewaren, Jeune Femme en The Florida Project.”

Sêne út ‘The Rider’

In The Rider wurdt cowboy Brady wekker út in koma en ûntdekt er dat er net mear hynderride kin troch in ûngelok dat him hast fataal waard. “Ik wie tige ûnder de yndruk fan de film. De subkultuer fan rodeoruters kenne je eins allinnich oerflakkich, mar wurdt yn de film sa echt en kwetsber delset. De haadrolspiler is yn it echte libben ek rodeoruter, krekt as syn famylje en freonen, en dat fielt men”, fertelt O’Connell.

Marline the Murderer in Four Acts is neffens O’Connell in western sa’t je dy noch net earder sjoen ha. “Mei in sterke frou yn de haadrol, situearre yn de Filipinen en trochdrinzge fan de kultuer fan dat lân mei de byhearrende, yndrukwekkende lânskippen.”

Bewaren – of hoe te leven is de nijste film fan Digna Sinke. “Sy set in sterk essee del oer it belang fan guod bewarje of it ûnderwilens ûntbrekken dêrfan. Ik kende mysels deryn werom, myn omjouwing en de ferskillen tusken generaasjes deryn – de oanstriid om te bewarjen foaroer fuort te smiten. Hawwe wy troch de flugge feroarings yn ’e wrâld noch wol guod nedich?”

Sêne út ‘The Florida Project’

Jeune Femme is neffens de programmeur in prachtich, mar ek stekkend portret fan in tritiger yn Parys. “Dêr’t myn âlden altyd oer in midlife-krisis praten, hearsket tsjintwurdich de quarterlife-krisis – eat dêr’t de haadpersoan fan de film dúdlik oan lijt. Wat moat men mei jin libben dwaan as de karren ûnbeheind binne, en wa binne je dan? De haadpersoan wurdt tige treffend delset troch Laetitia Dosch.”

The Florida Project giet oer in seisjierrich famke dat mei har 22-jierrige mem yn in motel yn it kleurrike gebiet rûnom Disney World yn Floarida wennet. “Noch net earder siet ik sa yn de belibbingswrâld fan bern, lit stean yn de belibbingswrâld fan bern út in efterstânswyk yn Amearika. Je folgje se op ’e hûd, wylst se de wrâld om harren hinne ferkenne en de folwoeksenen har op ’e eftergrûn steande besykje te hâlden. It is hast net te leauwen dat de haadrolspylster noch mar seis jier âld is.”

febrewaris 27, 2018 09:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.