Fergees skilje nei Jobinder

febrewaris 11, 2018 19:51

De FNP is fan miening dat it foar de klanten fan Jobinder fergees wêze moat om dêr hinne te beljen. Dat sil de FNP nei foaren bringe yn de steategearkomste fan 21 febrewaris. No betelje minsken noch € 0,05 it petear, de FNP wol dat it foar de klanten hielendal fergees wurdt.

Neffens de FNP is de maatregel hiel goed te rjochtfeardigjen: “It giet hjir om in kwetsbere doelgroep. Faak binne it minsken mei in beheining, binne se minder mobyl, hawwe se soarch nedich en kinne se harren allinnich net rêde. Yn in protte gefallen binne it minsken dy’t it net sa breed hawwe en dan is elke euro meinommen”, neffens wurdfierder Sybren Posthumus. 

De FNP tinkt dat der foldwaande finansjele romte is om de kosten fan it beljen ôf te skaffen. Yn de oanbesteging siet in foardiel fan € 316.000 neffens de eardere begrutting. De kosten foar it Mobiliteitsburo sille troch it útstel fan de FNP mar € 1000 heger wurde. Ommers, op grûn fan 400 telefoantsjes yn de wike foar € 0,05 it petear (en 20.000 op jierbasis) binne dat de jierlikse kosten. Oer de acht gemeenten en de provinsje ferdield (as dielnimmende partijen oan it mobiliteitsburo) is dat mar € 100 de dielnimmer. “It giet net om in grut bedrach, mar it sinjaal is hiel wichtich”, neffens Posthumus fan de FNP.

febrewaris 11, 2018 19:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*