Feie Fonyk: #MeToo yn de keunst ?

febrewaris 8, 2018 13:00

Ofrûne wykein hie keunsthistoarikus Léon Hanssen in essay yn de bylage Letter en Geest fan Trouw en no gean ik oer yn ús oare lânstaal om dúdlik te meitsjen wêr’t it him om giet: “#Metoo klopt aan bij de museumwereld. Ineens dringen zich lastige vragen op. Kan een kunstwerk getuigen van seksuele intimidatie?”
Ik haw it skilderij, dat hy as foarbyld neamt, hjir opnommen. It keunstwurk, dêr’t hy him blykber oan steurt of dêr’t hy fan tinkt dat it oaren steure kin is ‘Thérèse Dreaming’ út 1938 fan de Poalsk-Frânske keunstner Balthasar Klossowski (1908 – 2001) dy’t skildere ûnder de namme Balthus. (It is in grut skilderij fan 150 by 130 cm. In ôfbylding is û.o. opnommen yn de katalogus Cats and Girls út 2013.)

In famke fan in jier of trettsjin sit heal sliepend of deidreamend mei ien skonk omheech. Kinst har wite ûnderbroekje sjen. Op de foargrûn in kat dy’t fan in pantsje molke sit te slikjen en mei de sturt slacht. It is in eroatysk skilderij, sûnder mis, it is ek in moai skilderij en wa wit is it foar guon in opwinend skilderij. No fuort dan: it is in moai, eroatysk en opwinend skilderij fan in puberfamke. Men kin it net iens wêze mei de folchoarder fan de wurden dy’t ik brûk om it wurk te beskriuwen. Neffens Hanssen wurde wy troch nei dit skilderij te sjen, foyeurs. Dat sil bêst. Hy skriuwt oan ’e ein fan syn essay dat er net wol dat guon keunst út it museum ferdwynt of dat keunstners foar it rjocht komme moatte, mar wol dit: ”Het is tijd voor een #Metoo ook in de museumzaal om ons culturele geheugen te resetten.“

 Wy hawwe wier gjin ferlet fan nije truttichheid

Wat moatte wy dêr no mei. Ik soe sa withoefolle oare skilderijen opfiere kinne dy’t guon minsken net netsjes fine, of opwinend, of fine dat oaren der geil fan wurde, of fan betinken binne dat men soks net toane moat, yn elts gefal net foar eltsenien ûnder in bepaalde leeftyd, of dat men mei sokke keunst âlde of jonge manlju oanset ta ferkearde gedachten. Ik soe net betinke kinne wat der mis is mei bleate froulju of manlju of mei eroatyske keunst.

Fansels, net alle minsken hawwe deselde opfettingen oer wat doocht. Der wurdt yn in grut part fan de wrâld oars oer tocht as hjir. Yn guon Islamityske lannen hawwe froulju neat yn te bringen, se moatte omrinne yn in swarte tinte mei in sjochgat, yn elts gefal in holledoek drage, want fan al dat wylde hier soene manlju mar gek yn ’e kop wurde. Yn Saûdy-Arabië mochten froulju oant foar koart net autoride of der sels op útgean sûnder manlike begelieding. Mar wy hoege ús eigen West-Europeeske skiednis, by in ûnderwerp as dit net út it each te ferliezen. It is noch mar sûnt it lêste fearn fan de foarige iuw dat der iepenhertiger oer seks praat wurde kin of wurde mei. Doe’t dokter Corrie mei har telefyzjeprogramma begûn, in skoalprogramma oer seks foar âldere bern, wiene der âlden, meastal út de otterdoks-kristlike hoeke – en dêr kinne se der oer it generaal, sjoen it tal bern, aardich op los neuke – dy’t fûnen dat sokke iepenhertige foarljochting net passend wie.

Ik bin it iens mei de hiele #Metoo-beweging. Heech tiid dat manlju dy’t froulju yn it krús taaste, ûnder druk sette om fan slimmer mar net te praten, oanpakt wurde. Heech tiid dat froulju it heft yn eigen hannen nimme en fan har ôfslane mei wurden, en as dat net genôch is mei dieden. It giet by eroatyske of seksuele ûndernimmingen altyd om tastimming fan beide kanten. Mar wat no driget mei in diskusje lykas op gong brocht wurdt troch dy Hanssen, is in nije foarm fan efterlike sleauwens, dêr’t wy gelokkich yn ús lân en yn de westerske wrâld gjin lêst mear fan hawwe wolle. Tinken en sjen is frij en salang as keunst net letterlik oanset of opropt ta (seksueel) geweld, hoecht it wier net sensurearre te wurden.

 

febrewaris 8, 2018 13:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*