Ekstra jild foar splis lân

febrewaris 14, 2018 06:46

Lân dat splis stiet lûkt greidefûgels oan

Der komt € 180.000 ekstra beskikber foar boeren om harren lân wieter te meitsjen. Dat is goed foar de greidefûgels. It ekstra jild is allinne beskikber foar boeren dy’t ein ferline jier in oanfraach yntsjinnen. Der waard doe € 180.000 mear oanfrege as de beskikbere € 100.000. Om de boeren yn ‘e mjitte te kommen, stelle Deputearre Steaten it ekstra jild beskikber. Wiet gerslân is geunstich foar greidefûgels. Der komme ynsekten op ôf, in wichtige itensboarne foar pykjes.

Lân wieter meitsje
Lân kin op ferskate manieren wieter makke wurde; troch it wetterpeil te ferheegjen, oars om te gean mei greppels of troch lân ûnder wetter te setten (spliswiet-gebieten). Dêrfoar moatte boeren dammen of keardammen oanlizze. Mei it ekstra jild kinne se oan ‘e slach.

Agraryske kollektiven
Boeren en grûneigeners koene fan 9 oktober oant en mei 1 desimber 2017 fia harren agrarysk kollektyf subsydzje oanfreegje. Dat koe allinne as se lân hawwe yn in greidefûgelkearngebiet, sa’t kânsrike gebieten foar greidefûgels ek wol neamd wurde. In agrarysk kollektyf is in gearwurkingsferbân fan boeren en grûnbrûkers. Fryslân hat sân kollektiven.

febrewaris 14, 2018 06:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.