Dûbel(d)konsert

Febrewaris 2, 2018 08:56 Fernijd

Troch Henk Wolf

In pear dagen lyn seach ik op dit webstee in artikel mei it wurd ‘dûbeldkonsert’ yn de titel. Dat kaam my raar oan. ‘Dûbelkonsert’ soe ik sizze, sûnder dy -d- deryn. No kin dat persoanlik wêze en myn oardiel hoecht in oar syn oardiel net te wêzen, dat ik ha ris útsocht hoe’t it no sit mei it foarkommen fan dy -d achter ‘dûbeld’.

As earste moat dúdlik wêze dat it losse wurd ‘dûbeld’ fansels heel gewoan is. ‘Dûbel’ en ‘dûbeld’ binne farianten en dy binne beide gebrûklik. It Wurdboek fan de Fryske taal neamt se beide en jout fan beide foarbylden.

As ik op it Internet sykje op “dûbelsinnich”, “dûbbelsinnige”, “dûbbelsinnigens” en “dûbelgonger” (allegear sûnder -d- dus), dan fyn ik aardich wat websites. Sykje ik op de farianten mei in -d-, dan fyn ik hast neat. Der is lykwols ien site dy’t konsekwint wol dy foarmen mei -d- neamt en dat is taalweb.frl. Dy hat de foarmen mei -d- opnaam as foarkarsfoarmen yn syn wurdlist. Dat fernuvere my wat, want neffens de Fryske Akademy steane yn de wurdlist de meastfoarkommende foarmen.

Ik haw ek it hele Wurdboek fan de Fryske Taal trochsocht, dus ynklusyf alle foarbyldsinnen. Yn dat grutte korpus komt mar 18 kear in gearstalling foar dy’t mei ‘dûbeld-‘ begjint, wylst de gearstallingen mei ‘dûbel-‘ net te tellen binne. Dat wiist der wol op dat ‘dûbeld-‘ oan it begjin fan in gearstalling in seldsume foarm is.

Hoe kin dat eins? No, it Frysk, Nederlânsk en Dútsk ha al yn de midsieuwen it Frânske wurd ‘double’ liend en der in opsjonele t-klank oan tafoege. By it Fryske ‘inkel(d)’ en it Nederlânsk ‘enkel(d)’ is dat ek dien. Yn it Standertnederlânsk is dy t-klank letter wer ferdwûn en yn it Standertdútsk is er just ferplichte wurden. Foar Dútsk, Nederlânsk én Frysk jildt lykwols dat dy -t allinnich foarkaam yn it losse wurd, mar net yn gearstallingen mei ‘dûbel’ as earste lid. It Standertdútsk hat bygelyks neist ‘doppelt’ de foarmen ‘doppeldeutig’ en ‘Doppelbett’.

Myn fermoeden is dat de pear gefallen mei ‘dûbeld-‘ yn in gearstalling dy’t ik yn it Frysk fûn ha, gefallen binne fan hyperkorreksje. Hoe’t it sit mei taalweb.frl haw ik efkes neifrege. De gearstallingen yn de wurdlist wurde automatysk makke út de grûnwurden. Se wurde wol neisjoen, mar der slûpt wolris wat troch de mesken. De minsken fan ‘e Fryske Akademy garje sokke observaasje en ha dizze ek notearre.

Febrewaris 2, 2018 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.