De talen Frysk en Nederlânsk komme net yn de grûnwet

febrewaris 25, 2018 20:54

Yn de grûnwet komt neat te stean oer de talen fan Nederlân. It Nederlânsk en Frysk wurde der net yn neamd. Minister fan ynlânske saken Kajsa Ollongren wol dêr neat fan witte en hat de tariedings foar soks ôfbrutsen.

Wurdt der yn it parlemint skielk Ingelsk praat, lykas no al bart op in protte universiteiten? Binne der aansen noch wol Nederlânske wetten en kinne minsken yn Fryslân twongen wurde om har te ferbrekken? Om de kâns op sokke senario’s lytser te meitsjen is der al sûnt begjin jierren njoggentich in lobby om yn de Nederlânske grûnwet wat oer taal te sizzen. Under oaren de Fryske steatssekretaris fan ynlânske saken Dieuwke de Graaff-Nauta spande har der doe foar yn dat it Nederlânsk en Frysk yn de foarnaamste wet fan Nederlân in plakje krije soene.

It kealle lykwols dreech. Yn 2008 giene der noch in pear busfollen Friezen nei De Haach ta om te pleitsjen foar it opnimmen fan it Frysk yn ‘e grûnwet en yn 2010 kaam it CDA sels mei in konkreet foarstel foar in grûnwetswiziging dêr’t beide Rykstalen yn neamd waarden. Trochpakt waard der lykwols net. No is it foarstel fan ‘e baan.

Geart Benedictus fan ‘e Ried fan ‘e Fryske Beweging is dêr net wiis mei. Yn ‘e Ljouwerter Krante foeteret er sels: “Dy ferrekte VVD’ers ek. Altyd itselde gedonder.”

febrewaris 25, 2018 20:54
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Demokritikus febrewaris 25, 23:27

    Dizze Sweedske is fan Demagogen 66, ek bekend fan: Jim jild èn jim libben en fansels: Foar jimme, oer jimme en sûnder jimme.

  2. wirbel010 febrewaris 27, 15:50

    Ollongren (d666) hat efkes fanôf har hege posysje bepaalt dat dit grûnrjocht net nedich is.

  3. Paul Veenstra oktober 12, 16:31

    Ferwûnderje dat ien persoan, minister of net, kin beslute wat komt yn ‘e grûnwet. Dat is wat, dat yn ‘e 2e keamer beslute moat wurde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.