‘De neakene wierheid’

febrewaris 14, 2018 10:02

Boekoankundiging

Koartlyn – net tafallich yn it jier fan LF2018  – is in twatalige dichtbondel útkommen fan Wytze Brandsma fan Gersleat: De neakene wierheid / De naakte waarheid.
Brandsma, dy’t ôfstudearre is as agooch en teolooch, hat wurke yn de maatskiplike tsjinstferliening, it ûnderwiis, it pastoraat, de sûnenssoarch en it wolwêzenswurk.

De dichter kiest derfoar om him op ûndogmatyske libbensskôgjende wize te presintearjen. Hy sketst yn dizze, syn twadde bondel de kwetsbersens fan sinjaan en it belibjen dêrfan. Hy befreget dat it leafst, om samar te sizzen, poerneaken. Hy docht dat yn fjirtich, meast koarte gedichten dêr’t er de keunst fan it weilitten yn tapast. Wat minder wurden, wat tichter by de kearn.

Wytze Brandsma, hjir mei syn debút. Foto Sietse de Boer

Fan syn debút, de twatalige bondel God is it antwurd net / God is het antwoord niet, dy’t yn 2016 útkaam, ferskynde yn jannewaris 2018 de fjirde printinge. Dat is ek in samling fan fjirtich fan sokke aforistyske gedichten.

Dat getal fjirtich is net by tafal keazen. Fjirtich is yn it kristlik leauwe in bysûnder getal. Yn de tsjerken begjint hjoed, 14 febrewaris, de fjirtichdagetiid, dy’t útrint op Peaske. It is in tiid fan besinning en ynkear ta jinsels. De gedichten yn beide bondels en dy fan de tredde dêr’t Brandsma al mei oan it tarieden is, kinne de lêzer by dy besinning en ynkear fan tsjinst wêze.

De bondels wurde útjûn by de telogyske útjouwerij Narratio yn Gorkum en binne yn de boekhannel te keap.

De neakene wierheid, ISBN 978 90 5263 494 4 – 65 siden, € 9,00
God is it antwurd net, 4e printinge, ISBN 978 90 5263 469 2 – 63 siden, € 9,00

Mear ynformaasje: http://www.narratio.nl/category/boeken/ (mei in priuwke yn pdf)

febrewaris 14, 2018 10:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.