De hiele wrâld wol Redbad keapje

febrewaris 11, 2018 18:23

It histoaryske filmepos Redbad, dat foar in grut part yn Fryslân opnaam is, is al ferkocht oan in tal grutte lannen. De film oer de Fryske held, komt pas yn juny yn de bioskoop út, mar is no al ferkocht oan lannen lykas Amearika, Dútslân, Frankryk, Ingelân en Koreä, sa skriuwt de Telegraaf. “Het is uniek voor een Nederlandse film dat al zoveel landen de filmrechten aankopen op basis van het script en een montage van de ruwe beelden,” sa seit produsint Klaas de Jong tsjin de krante. Yn de film is ek in grut tal Fryske figuranten te sjen. De haadrol fan Redbad wurdt spile troch Gijs Naber.

Tekst: Omrop Fryslân

febrewaris 11, 2018 18:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.