Dantumadiel en Noardeast-Fryslân sette de hân foar gearwurking

febrewaris 14, 2018 07:26

De boargemasters Wil van den Berg fan Ferwerderadiel, Marga Waanders fan Dongeradeel, Bearn Bilker fan Kollumerlân c.a. en Klaas Agricola fan Dantumadiel
Foto: Nanne Nicolai

Tiisdei 13 febrewaris setten de kolleezjes fan B&W fan Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân c.a. de hân ûnder de tsjinstferlieningsoerienkomst (dvo) dy’t de gearwurking regelet tusken de nije gemeente Noardeast-Fryslân en Dantumadiel. 

Op 30 jannewaris 2018 gie de ried fan Dantumadiel akkoart mei de dvo. Earder giene de gemeenterieden fan de trije oare gemeenten ek akkoar: Ferwerderadiel op 18 jannewaris, Kollumerlân c.a. en Dongeradiel beide op 25 jannewaris. De dvo regelet de wize fan gearwurkjen tusken Noardeast-Fryslân en Dantumadiel fan 2019 ôf. Oan de beslútfoarming gie it ôfrûne jier in wiidweidich trajekt foarôf mei kolleezjes en rieden. Alle fjouwer rieden stimden ienriedich mei it útstel yn. Dat lêste lit sjen dat der in soad betrouwen is tusken partners om te kommen ta in suksesfolle gearwurking. No’t de ôfspraken oer de takomstige bestjoerlike ferhâldingen regele binne, kinne Dantumadiel en Noardeast-Fryslân de krêften bondelje om mei-inoar de útdagingen fan de takomst oan te gean.

De gemeente Noardeast-Fryslân ûntstiet op 1 jannewaris 2019 as gefolch fan de weryndieling fan de gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân c.a. De gemeente Dantumadiel bliuwt selsstannich en sil tsjinsten ôfnimme fan Noardeast-Fryslân.

It bestjoerlijk sintrum fan Noardeast-Fryslân komt yn Dokkum. It kolleezje fan B&W sil him fêstigje yn Dokkum en de gemeenteried sil gearkomme yn Kollum, yn elk gefal oant der dúdlikheid is oer it ûnderbringen fan de nije gemeente. Foar Kollum as gearkomsteplak is keazen om’t de riedsseal dêr de minste oanpassingen ferget.

febrewaris 14, 2018 07:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.