Bioferskaat

febrewaris 10, 2018 20:00 Fernijd

Kollum fan Jan Willem Zwart

Yn in seal sitte grif hûndert boeren út de Noardlike Fryske Wâlden. Der wurdt in presintaasje holden oer biodiversiteit. De feriening Noardlike Fryske Wâlden hat krekt in ynventarisaasje holden oer de plantesoarten dy’t yn de Wâlden foarkomme. De presintaasje is derop rjochte om mei lytse yngrepen de soarterykdom yn stân te hâlden of sels grutter te meitsjen.

No binne de houtwâlen yn de Wâlden bysûnder ryk mei soarten en de rûchte dêromhinne soarget derfoar dat der ynsekten binne. Soarterykdom en de belangen fan boeren, dat giet lykwols net altiten gelyk op. Ommers, boeren wolle graach produksje meitsje. Dat is werom te finen yn de griene monokultueren fan tsjintwurdich. Jantien de Boer fan de Ljouwerter Krante hat al skreaun oer lânskipspine. Twa kleuren grien yn ús provinsje, maisgrien en gersgrien. Produksje- en gjin natuerlânskip.

Sleat yn de Twizelermieden mei bioferskaat (foto © J.W. Zwart)Wolle de boeren dan gjin soarterykdom hawwe? It bliuwt spannend om mei boeren yn petear te gean oer natuer. Natuerorganisaasjes, mar ek de boeren sels, hawwe sa harren eigen ynfalshoeke. As men se byinoar set, wurdt dat faak hiel sichtber. “Jimme wolle allinnich mar blomkes yn it gers”, sizze de boeren. “Jimme wolle allinnich mar grien gers en sa min mooglik wurk yn it grien”, sizze de natuerorganisaasjes. En dochs, as men mei de boeren en de natuerminsken apart praat, dan heart men dat se beide fan de natuer hâlde, mar ferskillend. De iene op in mear produktive wize, de oare mear fan it sjen en belibjen út.

Der is mear bining as wy allegearre tinke, mear bining mei it lânskip, mear bining mei it behâld fan wat men bygelyks hat yn de Noardlike Fryske Walden.

De presintaasje giet fierder. De sprekker besiket om de tsjinstellingen helder te meitsjen en dat wol mar net slagje. Boeren binne tige grutsk op harren skriezen, op harren blomkes yn de houtwâlen, natuerorganisaasjes wurkje graach mei de boeren gear om sa skoalbern te belûken yn it nasjonaal lânskip. Gjin tsjinstridichheden.

“Jo prate oer biodiversiteit, dat is net goed”, seit in boer út de seal. De sprekker freget wêrom’t dat net goed is. “It is bioferskaat!” Wy hawwe in nasjonaal lânskip hjirre yn de Wâlden, lit ús dat ek sa útdrage. Yn it Frysk dêrom bioferskaat! De sprekker stiet stil. Bioferskaat. As dat in wurd is dat boeren en natuerminsken bine kin, dan is dat moai meinommen.

Bioferskaat. Lit ús grutsk wêze op wat wy hawwe en wat wy behâlde kinne, oft jo no boer binne of plantsjeman.

Jan Willem Zwart, wie sprekker by de feriening Noardlike Fryske Walden en wie op syk nei bining tusken boeren en natuerorganisaasjes.

 

 

 

 

Sleat yn de Twizelermieden mei bioferskaate (foto: J.W. Zwart)

febrewaris 10, 2018 20:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.