Babyboomers

febrewaris 10, 2018 07:15 Fernijd

Babyboomers

Ferhaal fan Sjoerd F. Talsma

Sjouke en Klaske, twa minsken fan efter yn ’e fiiftich, hiene harren libben lang wurke yn harren garaazjebedriuw en hy hie it as monteur no wol hân. Hja ferkochten it spul en soene harren wol rêde kinne oant Sjouke AOW krije soe. Der wie wol safolle dat der ek noch in camper oankocht wurde koe, want se woene der wol op út nei waarmere oarden. Dêr wie no wol tiid foar en fakânsje hiene se net in soad hân yn ôfrûne jierren.

As Sjouke en Klaske derop út wiene en wer in plakje fûn hiene, bygelyks yn Frankryk, dan stalden hja de camper en ferkenden tegearre de omkriten. Wie der in winkel yn ’e buert, dan moasten hja ek efkes boadskipje. Dan koene se harren wer efkes rêde.

Doe’t se der wer ris wiene, wie it boppe de tritich graden en dat wie foar Sjouke eigentlik wat te hjit. Hy die oars neat as switfeie en om’t it sa makkelik wie brûkte er dêr servetsjes foar. Dat nimt lekker op en men kin sa wer in nijen pakke. Mar sûnt in dei of wat moasten de minsken dy’t dat seagen, der wol om laitsje. Wat wie it gefal?

Op in dei hie Klaske sein dat de servetten sawat op wiene en dat der nije komme moasten. Hja soene der as se wer te boadskipjen giene om tinke. Doe’t hja wer boadskippe hiene, frege Klaske oft Sjouke ek servetten meinommen hie. Neffens Sjouke wol. It wie al wat in grut pak, mar dat soe wol opkomme mei dy hjitte. Letter dy dei wiene Sjouke syn servetten op en frege er Klaske om nije. Yn ’e camper hearde Sjouke syn Klaske tige laitsjen. Want Sjouke hie ‘servette’ meinommen, net wittende dat soks yn it Frânsk moanneferbân foar froulju is. Sûnt dy tiid switfaget Sjouke de holle dus mei tampons, want Klaske sei: “It nimt lekker op en do kinst sa in nijenien krije, want wy kinne wol in jier foarút.”

 

febrewaris 10, 2018 07:15 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.