App Broemm makket Frysk ferkear feiliger

febrewaris 11, 2018 15:27

It winnende team

Bewuster Ride op in Mobile Meter; Broemm! Sa hjit de app dy’t Fryslân in stik feiliger meitsje sil. De app daget de brûker en syn freonen út om it hâlden en dragen yn it ferkear feiliger te meitsjen. Hy kaam freed 9 febrewaris yn it Provinsjehûs út de bus as winner fan in hackaton fan trije dagen dy’t fan 7 oant 9 febrewaris op NHL-Stenden yn Ljouwert holden waard. Fjirtich studinten fan ferskate opliedingen fan dy hegeskoalle wurken gear om in ynnovatyf multimediaal konsept te ûntwikkeljen om it Fryske ferkear feiliger te meitsjen. Dat diene se op fersyk fan it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens, it ROF

In hackaton is in een workshop-eftige aktiviteit dêr’t lytse groepkes kreative oplossingen foar problemen fan aldendei yn betinke en útwurkje. Acht tiims fan de opliedingen Communication & Multimedia Design (CMD) en Ruimtelijke Ontwikkeling strieden om de eare. It winnende tiim bestiet út Ilse Huitema, Lenard van Moos, Maurizio van der Werf, Sipke Terlouw en Yan Siegers. Neffens in saakkundige sjury stimulearret Broemm minsken op in positive wize om inoar feedback te jaan. It konsept meie se yn it kommende semester fierder útwurkje.

Hypermoderne snufkes
De hackaton smiet mear ferrassende fynsten op: apps om bewuster te riden, in simulator om te ûnderfinen hoe’t in e-bike wurket en jongelju dy’t âlderen les jouwe. It ROF hâldt him al langer dwaande mei de fraach hoe’t hypermoderne snufkes as virtual reality, mixed reality en augmented reality ynset wurde kinne foar minder ûngelokken. Troch studinten fan ferskillende opleidingen oaninoar te keppeljen is in nije stap set.

De Hackathon wie de ôftraap foar it earste semester fan dizze minoaren fan de koartlyn fusearre oplieding NHL-Stenden. De gearwurking is in foarbyld fan de ambysjes fan de skoalle: oer de grinzen fan opleidingen en fakgebieten hinne gearwurkje om ta innovative ideeën en tapassingen te kommen.

febrewaris 11, 2018 15:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.