Allinnich de aktive meartalige prater hat foardiel fan syn meartaligens

febrewaris 22, 2018 21:00

Dat meartaligens goed is foar it brein, hat bliken dien út ferskate stúdzjes. Dy lieten sjen dat meartalige bern makliker leare en dat meartalige minsken op jierren letter yn ‘e bernskens komme. Dochs is de werklikheid wat komplekser as oant no ta tocht waard, sa hat de Grinzer ûndersykster Anna Pot ûntdutsen.

Frou Pot docht by de Ryksuniversiteit Grins ûndersyk nei kognitive ferskillen tusken ientalige en meartalige minsken. Hjoed fertelde se op it Provinsjehûs yn Ljouwert oer har ûndersyk.

Hja kaam derefter dat meartaligen lang net altyd foardielen hawwe op ientaligen as it giet om kognitive prestaasjes. It tal talen dat minsken prate, harren feardigens yn dy talen en de leeftyd dat se de talen leard hawwe, hawwe gjin ynfloed op it kognitive funksjonearjen. Fierders docht bliken dat minsken dy’t nau besibbe talen prate, lykas Nederlânsk en Dútsk, of Nederlânsk en Frysk, ek gjin oanwiisber foardiel hawwe fan harren meartaligens.

Wol docht bliken dat de yntinsiteit dêr’t minsken harren talen mei brûke fan belang is. Wa’t syn talen net beide geregeld brûkt, hat it foardiel net, wa’t dat wol docht, dy hat it wol.

It foardiel fan meartaligens is lykwols lyts, sa seit de ûndersykster. Sûnens, libbensstyl, hobbys en kwaliteit fan libjen binne wichtiger foar de kognitive prestaasjes.

febrewaris 22, 2018 21:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*