Alles behoffene – Sympoasium oer Tony Feitsma

febrewaris 28, 2018 12:25

Freedtemiddei 9 maart 2018 wurdt op Tresoar yn Ljouwert in sympoasium holden dêr’t prof. dr. Tony Feitsma (Brantgum 1928 – Grou 2009) sintraal yn stiet. Feitsma hat in ûnbidigen soad foar it Frysk en foar Fryslân út ’e wei set en is noch fan grutte betsjutting. 

Har neilittenskip waard yn earsten beheard troch de stifting Fûûns fwar it Frysk. Dy hat no sawol it argyf as har boeken oerdroegen oan Tresoar. No’t dêr alles berêden is, is it tiid om noch in kear stil te stean by it wurk en de persoan fan Tony Feitsma. Dat bart yn in sympoasium ‘Alles behoffene’, dat foar elkenien fergees tagonklik is. It begjint om healwei twaen en wurdt sletten fiif oere.

It programma en alle oare ynformaasje te besjen: Feitsma Sympoasium.

Oanmelde wurdt op priis steld. Dat kin op info@tresoar.nl of telefoanysk (058) 789 07 40/789 07 92.

febrewaris 28, 2018 12:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.