Aksjewike foar it Frysk

febrewaris 19, 2018 06:00

Woansdei 21 febrewaris ha we ús ynternasjonale memmetaaldei. Diskear falt dy yn de perioade fan de Europeeske hantekeninge-aksje foar minderheden en minderheidstalen fan it MSPI (Minority SafePack Initiative). It leit dêrom yn ’e reden om fan de memmetaaldei in aksjedei foar it Frysk te meitsjen. Dy aksjedei is bedoeld om safolle mooglik minsken digitaal of op papier tekenje te litten. Sa kinne we sjen litte dat we it goed foar ha mei minderheden en mei talen fan minderheden.

In grut ferskaat oan organisaasjes jout omtinken oan ’e memmetaaldei en de hantekeninge-aksje. Dêr hearre by: Omrop Fryslân, de Provinsje, Fryske Akademy. Afûk, Tresoar, NHL Stenden, Cedin, SFBO (pjutteboartersplakken), Obe ‘Lan fan taal’, trijetalige skoallen en faaks noch wol mear.

Wy witte net folslein wat der allegearre dien wurdt, mar wy witte wol dat:

1   Omrop Fryslân fan ’e wike alle jûnen trije kear in reklamespotsje op de telefyzje útsjoert.

2   Omrop Fryslân fan ’e wike moandei, tiisdei en woansdei trije kear (moarns, middeis, jûns) in reklamespotsje op de radio útstjoert.

3   op 21/2 yn it Provinsjehûs in hantekeningeburo is. Jo kinne gewoan ynrinne (09.00-17.00).

4   op 22/2 yn it Provinsjehûs in lêzing is oer meartaligens (12.30-13.30) + hantekeningeburo.
Jo kinne wer gewoan ynrinne.

5   op 21/2 yn Obe, ‘Lân fan taal’, in hantekeningeburo is (10.00-18.00).

6   21/2 o/m 3/4 (dus gewoan yn febrewaris en maart) Obe, ‘Lân fan taal’.
Der kin alle dagen tusken 10.00 en 18.00 tekene wurde.

7   op 21/2 de trijetalige basisskoalle ‘De Pôlle’ yn Marssum as earste basiskoalle it sertikaat mei stjer    útrikt kriget. Dêr is oandacht foar! Tagelyk kin der yn de skoalle tekene wurde.
21/2 ‘De Pôlle’, hantekeningeburo tusken 09.00 en 12.00.

8   Cedin alle skoallen yn Fryslân frege hat om omtinken oan memmetaal en aksjedei te jaan.
Der bart dus grif mear!

9   de Afûk omtinken oan memmetaaldei en hantekeninge-aksje yn nijsbrieven, taalpraatsjes en op de sosjale media jout

10  SFBO, de pjutteboartersplakken in link op de eigen webside set ha.

Harkje en sjoch nei Omrop Fryslân, hâld de kranten yn ’e gaten en kom efkes del of tekenje gewoan thús efter de eigen kompjûter, laptop of op de smartphone. Doch it foar it Frysk. Doch it no!

En ferjit de oprop fan ús deputearre Poepjes op Facebook net!

www.minoritysafepack.eu/

Sjoch ek ús berjocht fan juster.

febrewaris 19, 2018 06:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.